Ferwâlde (Ferwoude) is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, noardlik fan Warkum en súdeastlik fan Gaast. De Djippert rint troch it doarp hinne, dy't justjes súdlik ôfspjalt yn 'e Yskeburrefeart en de Lytse Feart, dy't útkomt yn 'e Yndyk en de yn 1876-1879 drûchleine Kolken oan 'e noardkant fan 'e eardere Warkumer Mar.
Ferwâlde hat ynwenners (). Ta de himrik fan Ferwâlde hearre ek de buorskippen Bambuorren, Doanjebuorren, Fallingabuorren, Skearnebuorren en Wonnebuorren.
Skiednis It doarp waard yn 1275 Forwolda, yn 1315 Vorwalda, yn 1399 yn in Nederlânsktalige tekst Werwoude, yn 1496 Vorwolde, yn 1520 yn it Frysk Foerwaelde neamd. Yn de sechtjinde iuw komt yn Nederlânsk Ferwolde en yn it Frysk Ferwaad foar. Schotanus (1664) jout Verwoude en Ferwolde. Yn de achtjinde iuw besteane de fariaasjes Ferwolde en Ferwoude njonkeninoar. De namme ferwiist mooglik nei dat it plak foar as tichteby (for/fer) by in sompebosk (wald/wold) lei.
Ferwâlde wie yn it ferline in grut doarp, troch syn grutte himrik mei grutte wichtige pleatsen. Dêr koe it gâns wat stimmen troch útbringe yn 'e doetiidske gritenij Wûnseradiel. It doarp libbe almeast fan 'e feehâlderij, wylst der tichter by de seedyk, by de buorskip Doanjebuorren wat spoaren fan boulân werom te finen binne. It doarp sels ûntwikkele syn doarpskearn súdlik fan 'e tsjerke.
Oant 2011 lei Ferwâlde yn de eardere gemeente Wûnseradiel.
Mûne Oant 1930 hat dêr in mûne stien dy't de Fallingabuorster- en Aeltsjemarpolder bemealde. De mûne stie al yn de Schotanusatlas, dat dy moat der al foar 1718 stien hawwe.
Tsjerke
De doarpstsjerke eaget mei syn kleurige beplastere uterlik noch net sa âld; lykwols moat er al datearje út de twadde helte fan de 13e iuw. Mar der geane ek ferhalen dat tsjerke en toer yn 1762 ôfbrutsen binne mei it doel de dowestiennen te ferkeapjen oan de semintyndustry fan Makkum. Yn 1767 wie de nije tsjerke mei in spitstuorke op 'e westlike gevel klear. De lêste fernijing fan de tsjerke wie yn 1877. It skip hat in trijekantich sletten koer en op de westlike gevel stiet in houten tuorke. De tagongspoarte is fersierd mei bak- en sânstien en hat in fronton mei opskrift en it jier 1767. De famyljebank fan Van Velzen datearret út de 18e iuw en in ienfâldiger bank mei draaide balusters is nóch in iuw âlder.
De tsjerke waard op 23 novimber 2018 oerdroegen oan de Stichting Alde Fryske Tsjerken.
Doarpswapen Oan fjouwer gouden ringen hinget in read findel. Neffens oerlevering soe Friso dy meinomd hawwe en binne der in soad oerwinnings mei behelle. Dy Magnusfane fan Friso wie in reade banier, dy't fjouwer bjusterbaarlike krêften hie: hy beskerme tsjin tonger en stoarm, hy warre kweageasten, hy bruts tsjoenen en hy koe net oerwûn wurde. Nei de tiid fan Friso waard de fane bedobbe, sa't gjin fijân dy fine koe. Yn in leginde soe in Frysk legerûnderdiel ûnder dit findel Rome ferovere hawwe en de stêd Rome oan Karel de Grutte oerdroegen hawwe. Yn de dom fan Almenum waard it letter bewarre, de Denen hawwe letter noch besocht om it te feroverjen. Mar omdat it findel neffens de leginde ynmitsele wie yn de tsjerkemuorre mislearre dat. Mar sa't Jancko van Douwama skriuwt: ,,Insgelijcken heb icket wal gehoert, dat he solden bemuert wesen to Fernewolde."
It besjen wurdich Tsjerke fan Ferwâlde Doarpstimmerwurkplak, foar 2005 eartiids ûnderdiel fan de Aldfaers Erfrûte
Mienskip It doarp hat in sterk agrarysk karakter. De lêste jierren is der nijbou byboud oan de Buorren en de Djipwei. Foar boadskippen binne de ynwenners oanwiisd op Warkum, Makkum en Boalsert.
It Doarpsbelang fertsjintwurdiget de belangen fan 'e ynwenners fan Ferwâlde. It doarp hat in doarpshûs yn 'e eardere skoalle De Finne, dy't yn 2017 it eardere doarpshûs De Djippert ferfong. De namme fan De Djippert wie ôflaat fan de feart dy't troch it doarp rint.
Ferienings It doarp hat ferskate ferienings: Keatsferiening Trije yn Ien Toanielferiening Yn 'e Djippert Biljertklup Biljertklup foar de âlderein Jongereinklup Frouljusferiening Stifting Ald Ferwâlde Stifting Begraafplakken Gaast-Ferwâlde
Tsjerke Protetstantske gemeente Warkum Pleatslike kommisje Gaast-Ferwâlde
Underrjocht Oant 1991 hie it doarp in eigen skoalle, De Finne. Dy fusearre yn dat jier mei dy fan Gaast, dy't doe slute moast omreden te min learlingen. Yn 2016 moast De Finne sels ek slute om deselde problemen.
Befolkingsferrin 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2013 2025 344 283 295 248 237 230 240Alle Cijfers 235
Berne yn Ferwâlde Ruurd Okma (1839-1915), feehâlder en politikus
Ferskaat Sint-Steffen is patroanhillige fan Ferwâlde.
Ynfrastruktuer
Bustsjinst Troch Ferwâlde rinne de folgjende buslinen:
Line 39: Ferwâlde - Snits Line 102: Makkum - Hylpen fia Warkum
De buslinen troch Ferwâlde wurde fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten Aaltsjemarwei, Buorren, Doanjebuorren, Robyn Joelesfinne, Skearnebuorsterwei, Wonnebuorsterwei.
Keppeling om utens Side fan it doarp
Sjoch ek Fryske doarpen.
Kategory:Doarp of stêd yn Wûnseradiel Kategory:Doarp of stêd yn Súdwest-Fryslân