Hartwert is in terpdoarp fan de gemeente Súdwest-Fryslân, east fan Boalsert. It doarp hat ynwenners ().
Under it doarp falt de buorskip Blomkamp.
Skiednis Der moat al yn it begjin fan de jiertelling bewenning west hawwe yn de omkriten neffens fynsten út de njoggentjinde iuw. It doarp waard yn 1275 foar it earst neamd as Hertwarth. Yn 'e rin fan 'e iuwen komme farianten lykas Hertwerd (t) en Hertwarth it meast foar. De Fryske fariant oan 'e ein fan 'e 16e iuw wie Hertirt.
It twadde part fan 'e namme _wert ferwiist nei de terp, wylst it earste part it bywurd herth (hurd/hûs) wêze kin. Mar it is mear mooglik dat in persoansnamme as "Hart(man)", mei de kearnbetsjutting "krêftige, stevige man", nei de namme fan it doarp ferwiist.
Oant 2011 lei Hartwert yn de eardere gemeente Wûnseradiel.
Kleasters It doarp lei tusken twa kleasters yn: Oegekleaster oan de Boalserter kant en it folle gruttere Blomkamp (1191) net sa fier fan de Middelseedyk. Oant 1332 waarden hjir de lândagen fan Westergoa hâlden. Yn Blomkamp waard yn 1535 in opstân fan 300 werdopers bloedich delslein yn it Belis fan Aldekleaster. Beide kleasters waarden yn 1572 troch de geuzen yn 'e brân stutsen. Yn it wapen fan Hartwert is oer de skiednis in soad werom te sjen: It sulveren krús ferwiist nei it kleaster Blomkamp. It reade hert om't dêr yn de Midsiuwen it hert fan Westergoa sloech: Hjir kamen de ôffurdigen gear út it goa. De leeljes komme út it wapen fan de sistersjenzer kleasteroarder dy't lang mei it doarp ferbûn wie.
Blomkamp waard ek Aldekleaster (Oldeclooster) neamd. Dat kleaster waard yn 1535 beset troch in groep anabaptisten dy't it weromkommen fan Kristus ferwachten. It leger ûnder lieding fan steedhâlder Georg Schenk fan Toutenburch oermastere it kleaster, wêrby't ûngefear 100 deaden foelen oan beide kanten. Letter waarden yn maart 1535 100 anabaptisten ophongen, ûnthalze of fersûpt yn opdracht fan de steedhâlder fan Fryslân. Dat wurdt troch guon de 'grutste moard op protestanten fan Fryslân' neamd.
Tsjerke Op it plak dêr't oant 1771 in tsjerke stien hat, stiet no in betimmere klokhûs út it twadde fearn fan de 19e iuw. De tsjerke waard yn 'e midsiuwen boud, nei 1185 en hearde ta it Kleaster Blomkamp. Yn 1580, nei de Reformaasje, gie de tsjerke oer nei de protestanten. Yn 1743 waard de tsjerke restaurearre. Krapoan 30 jier letter waard de tsjerke ôfbrutsen. Mooglik omreden de hege kosten foar de lytse mienskip, want nei de Reformaasje wie it rike kleaster dêr net mear en ûnderhâld de tsjerke. Yn 1807 waard de sealdaktoer ôfbrutsen. Parten fan de toer waarden letter brûkt foar de bou fan it klokhûs, dat der hjoed-de-dei stier.
Mûnen In pear hûndert meter súdwest fan it doarp stiet de Oegekleastermûne, in spinnekopmûne dy't foar 1930 boud waard. By buorskip Blomkamp stiet de Amerikaanske wynmotor wynmotor Hartwert.
Mienskip Oan de Kleasterwei stiet doarpshûs It Terphûs, dat ûnder behear is fan it doarpsbelang.
Ferieningen Keatsferiening Spui yn 'e Want Toanielferiening Damklub Hartwert - Yn 2006 waard damclub Hartwert mei Teake Kooistra foar de 25e kear kampioen Frysk Spul. Frysk damjen is krekt wat oars as gewoan damjen. By it Frysk Spul wurdt der skean en rjochtút, mar ek oerdwers slein. Biljertklub "Nocht en Wille" Frouljusferiening "Actief Creatief Bezig" Klokliedersgilde "De Galm" Stifting Monumint Aldekleaster Begraffenisferiening "De Laatste Eer"
Befolkingsferrin 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2013 2025 204 211 205 183 174 150 135Alle Cijfers 110
Strjitten Kleasterwei, Middelseedyk, Oldeclooster, Ridderdyk.
Sjoch ek Fryske doarpen.
Keppeling om utens Webside fan it doarp
Kategory:Doarp of stêd yn Wûnseradiel Kategory:Doarp of stêd yn Súdwest-Fryslân