De Gaastmar (Nederlânsk: Gaastmeer) is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, west fan Heech. It doarp hie likernôch 287 ynwenners yn 2006. Oant 2011 lei De Gaastmar yn de eardere gemeente Wymbritseradiel. Offisjeel bestiet De Gaastmar út twa dielen, Grutte Gaastmar en Lytse Gaastmar, mar se foarmje tegearre wol ien doarp.
Doarp It mear as 875 jier âlde Gaastmar is in wettersportplak. It stiet rjochtstreeks yn ferbining mei in oantal oare marren lykas de Fluezen, de Hegemer Mar en de Grutte Gaastmar. It kompleks "De Liuwe Daem" is in grut bungalowpark oan it wetter. De grutte boerepleats Attema Sate, oer de brêge oan de Wide Sleat, is restaurearre en hat in rekreative bestimming krigen. Troch pontsjes oer de Yntemasleat en oer De Grûns kin oer it fytspaad om de Aldegeaster Brekken fytst wurde. Yn 1998 is tusken de Ringwiel en de Sânmar it ferbiningswetter de Skrokfeart oanlein foar kanofarders. Westlik fan it doarp is in fyts- en fuotfear oer De Grûns nei Nijhuzum; súdlik is in fearpont nei It Heidenskip.
De herfoarme tsjerke, de Pieltsjerke, stiet op de monumintelist. De tsjerke hat in moaie iken kânselkûp út de 17e iuw en in restaurearre oargel. De toersklok is fan 1517.
Foar de 1940 waard der troch de De Gaastmarders in soad iel ferhandele mei Ingelân. Der sit no noch in fisker yn it doarp.
Mienskip It ferieningslibben hat ûnderdak yn it doarpshûs. De doarpskrante hjit "Praat-mar". Yn 1968 waard de Stifting Freonen fan De Gaastmar oprjochte troch rekreanten dy't ds. Jelke Bruinsma stypje woene by syn krewearjen foar bettere foarsjennings by it doarp. De stifting draacht ek by oan aktiviteiten dy't it doarp te'n goede komme. Sûnt de simmer yn 2003 stiet der op 'e Keapwei bij de sûvering foar de jongerein in Jeugdkeet, Keet fan 'e Gaastmar. De Fryske dichter Jan Jelles Hof is berne yn De Gaastmar.
Befolking 1954 - 369 1959 - 348 1964 - 349 1969 - 285 1973 - 245 2006 - 287 2009 - 287
Ynfrastruktuer
Bustsjinst Troch De Gaastmar rint de folgjende busline:
Line 46: Snits - Aldegea en Heech
De busline troch De Gaastmar wurdt fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten Fiskersbuorren - buorskip Fiskersbuorren Hellingpaad - Jan Jelles Hofstrjitte - Jan Jelles Hof Kaapwei - Langstrjitte - Liuwedaam - Liuwedaam Munkedyk - Pieldyk - Turfdyk - Wieldyk - Yntemapolder -
Sjoch ek Fryske doarpen.
Kategory:Doarp of stêd yn Wymbritseradiel (oant 1984) Kategory:Doarp of stêd yn Wymbritseradiel Kategory:Doarp of stêd yn Súdwest-Fryslân