thumb|300px|right|de himrik fan Ypekolsgea thumb|Komboerd thumb|right|Klokkestoel Ypekolsgea (Nederlânsk: Ypecolsga) is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, súdwest fan Wâldsein. Oant 2011 lei Ypekolsgea yn de eardere gemeente Wymbritseradiel. It doarp hat likernôch 63 ynwenners (2006). De namme soe komme fan it gea fan kol, de hichte fan Ipe.
Ypekolsgea leit mei Wâldsein en de buorskippen Yndyk, Kûfurderrige, Smelbrêge yn it suden fan Wymbritseradiel. Op it Britske earehôf yn Ypekolsgea lizze de omskotten fan tsien sneuvele militêren. By alle grêven is in identyk grêfteken fan wite natuerstien setten mei yn reliëf in embleem en in krús. It fjildsje mei earegrêven is 1 meter 50 heech, 9 meter breed en 2 meter 50 djip.
Op it begraafplak stiet ien fan de Klokkestuollen yn Fryslân.
Mienskip
Befolking 1954 - 124 1959 - 113 1964 - 110 1969 - 91 1974 - 81 2006 - 63 2011 - 66
Ferskaat Op 16 maart 1496 soe hjir neffens in leginde in Sakramintswûnder bard wêze.
Ynfrastruktuer
Bustsjinst Troch Ypekolsgea rinne de folgjende buslinen:
Line 44: Boalsert - Snits fia Gaasterlân Line 45: Snits - Himmelum fia Wâldsein
De buslinen troch Ypekolsgea wurde fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten Nûmer.
Sjoch ek Fryske doarpen.
Kategory:Doarp of stêd yn Wymbritseradiel (oant 1984) Kategory:Doarp of stêd yn Wymbritseradiel Kategory:Doarp of stêd yn Súdwest-Fryslân