thumb|300px|Akwadukt Jeltesleat súdkant De Hommerts (ek wol: Hommerts) is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, súd fan Snits. It doarp hat likernôch 611 ynwenners (2006). Oant 2011 lei De Hommerts yn de eardere gemeente Wymbritseradiel. It doarp is in lintdoarp de N354 bylâns en foarmet in twillingdoarp mei Jutryp dat krekt noardliker oan de dyk fan Snits nei De Lemmer leit. Dizze strjitwei is yn 1843 oanlein. Dêrfoar wienen beide doarpen oanwiisd op ferfier oer it wetter. Se wurde ek wol yn ien siken neamd: De Hommerts-Jutryp. Oan de súdside fan De Hommerts leit yn de Jeltesleat it Jeltesleatakwadukt.

By de Hommerts heart ek it buorskip Lippenwâlde dat by de súdein fan it doarp leit. It Johan Frisokanaal rint foarby it doarp.

Mienskip It yn 1988 ferboude en opknapte doarpshûs "Oan it Far" jout mooglikheden oan it ferieningslibben. De skoalle is neamd nei Van Haersma Buma.

Ferienings Fuotbalferiening HJSC Iendracht - iisclub

Befolking 1954 - 731 1959 - 680 1964 - 642 1969 - 636 1973 - 605 2006 - 611

Ynfrastruktuer

Bustsjinst Troch De Hommerts rinne de folgjende buslinen:

Line 42: Snits - De Lemmer fia Spannenburch Line 44: Boalsert - Snits fia Gaasterlân Line 45: Snits - Himmelum fia Wâldsein Line 46: Snits - Aldegea en Heech

De buslinen troch De Hommerts wurde fersoarge troch Qbuzz.

Strjitten De Hoep, De Toer, Hettingawei, Hofdyk, Iewei, Jeltewei, Krimwei, Lippenwâlde, Pampuswei, Reidskar, Scheltingastrjitte, Stinswei.

Sjoch ek Fryske doarpen.

Kategory:Doarp of stêd yn Wymbritseradiel (oant 1984) Kategory:Doarp of stêd yn Wymbritseradiel Kategory:Doarp of stêd yn Súdwest-Fryslân