thumb|300px|Arum yn 2016 Arum is in Frysk doarp yn it uterste noarden fan 'e gemeente Súdwest-Fryslân. It doarp leit yn 'e Greidhoeke, noardlik fan Wytmarsum en hat ynwenners ().
Under it doarp falle ek de buorskippen Baarderbuorren en de Grauwe Kat.
Namme De âldste boarne dy't oer Arum skriuwt is fan 1275 as Aldenum. Yn 'e iere 15e iuw komt Aeldrum en letter ek Alderum. De fariant Arum komt sûnt 1466 foar. Ferskate kaarten út de 16e iuw neame Alt Arum. In kaart mei Fryske farianten út 1595 neamt Arom. Yn 'e 19e iuw ferskine Arum en Aarum.
De namme is nei alle gedachten ôflaat fan "hiem" fan 'e persoanenamme "Alder", dat de grûnbetsjutting "eal" hat.
Skiednis Yn in stik lân op Baarderbuorren is in skelet fûn fan in bern, dat dêr om likernôch 100 jier foar de jiertelling begroeven wêze moat. Dêrom wurdt tocht dat Arum doe ûntstien is, op it plak fan Baarderbuorren.
Op 4 july 1380 waard tichtby Arum in fjildslach levere tusken de muontsen fan de Lúntsjerk en dy fan Aldekleaster, wêrby't mear as 130 man omkamen. Goed 50 jier letter yn 1420 waard dêr fannijs slach levere. De eallju Sicke Gratinga en Gale Hania, swier ferwûne, waarden doe nei Lúntsjerk werombrocht. Hania soe stjerre oan syn ferwûnings. Yn 1895 waard by de ôfgraving fan in terp in lyts houten swurd fûn út it jier 600.
Foarname famyljes dy't it foar it sizzen hienen yn Arum wiene: Beijma (Baaiemerleane); Van Sytzama (Sytzamawei) en Fan Cammingha (Fan Camminghawei).
It measte ferfier yn Arum gie earder oer it wetter. Yn 1890 komt der yn Arum in tramstasjon.
Oant de gemeentlike weryndieling fan 2011 wie it part fan 'e gemeente Wûnseradiel.
Doarpswapen It wapen fan Arum bestiet út trije flieëkamen. Om't de boeren eartiids bekend stiene om harren flieëpleach. Hja fûnen dêrom de flieëkaam út. De Arumer boeren binne der nea folle better fan wurden, want se ha der nea in oktroai op hân.
Mienskip 300px|thumb|Eardere dokterswente út 1882 300px|thumb|Kammingastate út 1886 300px|thumb|Utsjoch fan 'e tsjerketoer ôf De feriening foar Doarpsbelang behertiget de belangen foar it doarp. It âldste doarpshûs fan Fryslân waard yn 1926 yn Arum oprjochte. It wie in houten geboutsje dat mei in foarskot fan de doarpsdokter oankocht waard troch it Departemint fan de Maatskippij ta Nut fan 't Algemien. It kontaktbledsje hjit De Skille.
Underrjocht Oant 2017 hie it doarp twa skoallen; de iepenbiere skoalle De Opslach en de kristlike skoalle De Hoekstien. Dêrnei binne de ta skoallen gearfoege ta de moetingskoalle De Oanrin.
Ferienings Fuotbalferiening Arum Tennisferiening Arum GF Sparta - gymnastyk Keatsferiening Willem Westra Thrium - foljebal Kulturele Kommisje Frysk Selskip Arum Teater Selskip Arum iisklup Arum CMV Wubbenus Jacobs (fanfare)
Tsjerke Protestantske tsjerke Hitsum-Achlum-Arum-Kimswert
Befolkingsferrin 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2013 2025 1.269 1.202 1.134 1.061 971 1.044 1.105Alle Cijfers 1.040
Tsjerken
Ferneamde Arumers Berne yn Arum
Pieter Baukes Yetsenga (1865-1943), keatser Seakle Greijdanus (1871-1948), teolooch Jacob Wijngaard (1944), wiskundige en heechlearaar
Stoarn yn Arum
Pieter Baukes Yetsenga (1865-1943), keatser
Ferskaat Yn de eardere slachterij sit no it Rock&Roll museum
Ynfrastruktuer
Bustsjinst Troch Arum rinne de folgjende buslinen:
Line 75: Minnertsgea - Boalsert fia Frjentsjer Line 99: Harns - It Hearrenfean fia Boalsert en Snits
De buslinen troch Arum wurde fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten Alle strjitten yn Arum
Sjoch ek Fryske doarpen Slach by Arum.
Kategory:Doarp of stêd yn Wûnseradiel Kategory:Doarp of stêd yn Súdwest-Fryslân