Leons, earder ek wol 'Liouwens', is in terpdoarp yn de gemeente Ljouwert. It is ien fan de lytste doarpen fan de gemeente.
Skiednis Yn de 13e iuw waard it doarp foar it earst as 'Leonghem' neamd. Oare foarmen binne 'Lyons' (1438), 'Lyowens' (1440), Leons (1445), Leogini (1482), 'Lyoens' (1511), Leons (1529), 'Lions' (1530) en 'Lyons' (1543). It earste stikje fan de namme soe oerienkomme mei de tsjintwurdige namme Liuwe.Friese Plaatsnamen, Karel F. Gildemacher, ISBN 9789033006432 thumb|left|Katarinatsjerke De 14e iuwske Katarinatsjerke fan it doarp is fan romaanske oarsprong en stiet op in restant fan de ôfgroeven terp. De tsjerke wurdt foar kulturele aktiviteiten brûkt, mar der is ek noch regelmjittich preek. Yn de muorre is in tinkstien oanbrocht ta neitins oan de fersetsmanlju Pieter Pier Reitsma en Hein Schukken, twa ynwenners fan Leons dy't yn 1944 yn Vucht fusillearre binne
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Leons diel út fan de gemeente Baarderadiel. Dêrnei wie it in doarp yn de gemeente Littenseradiel en op 1 jannewaris 2018 waard Leons yndield by de gemeente Ljouwert.
Mienskip Om't it doarp sa lyts is, wurdt in soad gearwurke mei Húns. Der is in feriening foar doarpsbelang. It doarpshûs 'De Murdhûn' stiet yn Húns. Yn it doarpshûs sit winterdeis de soas. Ynwenners fan Leons wurde 'wynhûnen' neamd en Húnsers stean bekend as 'murden'. Alle jierren is der merke.
Befolkingsferrin Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2022 Ynwenners 41 48 49 49 48 20 30
Tsjerke
Protestantske gemeente Hilaard-Húns-Leons
Ferskaat Yn Leons is in romeinsk brûnzen byldsje fûn fan de goadinne Fortuna, dat yn it Frysk Museum bewarre wurdt. Der ride bussen nei Ljouwert en Boalsert. 'De Takomst' is de toanielferiening. Doe't de keatsferiening hûndert jier bestie is it boekje "Húns en Leons yn fûgelflecht" útjûn.
Strjitten Leons hat gjin strjitnammen. Leons hat allinne nûmers.
Sjoch ek Fryske doarpen
Kategory:Doarp of stêd yn Ljouwert (gemeente) Kategory:Doarp of stêd yn Littenseradiel Kategory:Doarp of stêd yn Baarderadiel