Spannum is in doarp benoarden Wommels yn e gemeente De Waadhoeke. By Spannum heart ek de buorskip Bonkwert.
It doarp hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners.
Skiednis Nei 1332 hie it grutte kleaster Lidlum oan e Swachlumerleane by Easterbierrum in Monik Huys, in úthôf. Yn 1487 wie der sprake fan in stins by Bonkwert. By de Huuckensera State wie ek in stinswier.Stinzen yn Fryslân, oproppen 18 augustus 2023 thumb|left|Sint-Remigiustsjerke fanút it noardeasten. De oarspronklik oan Sint-Remigius wijde tsjerke waard oan 'e ein fan 'e 15e iuw boud. De tsjerke waard yn 1586 troch de Spanjerts ferneatige, mar werboud. It letgoatyske gebou eaget jonger om't de súdlike muorre en it koer letter ommitsele binne. Allinne oan 'e noardmuorre is it âlde bakstienmateriaal út de goatyske tiid noch te sjen. Oan dy kant steane ek twa mânske trijehoekige steunbearen en yn 1910 is dêr in paviljoentsje foar de sintrale ferwaarming oanboud. De foarse trijelidde letgoatyske toer is fersierd mei djippe nissen fan wikseljende foarmen en wurdt bekroand mei in sealtek. De toer falt ûnder de moaiste Fryske sealtektuorren.
Yn 'e tiid fan 'e Tachtichjierrige Oarloch waard yn 'e winter fan 1586 Fryslân oerfallen troch it Spaanske leger. It beferzen wetter hie de Fryske ferdigening kwetsber makke en 3000 Spaanske soldaten teagen mei 700 ruters ûnder lieding fan Jehan Baptist fan Taxis plonderjend troch de provinsje. Yn Spannum brocht it leger ek in soad lijen en it doarp waard mei de Remigiustsjerke yn 'e brân stutsen. Nei Spannum teach it leger fierder nei it noarden, dêr't it op 17 jannewaris by Boksum opwachte waard troch in yn alle hasten foarme Frysk leger. By de Slach by Boksum waarden de Friezen ynmakke troch de Spanjerts.Doarpskanon Spannum, oproppen 19 augustus 2023
Oant fier yn 'e 19e iuw wie de Lange Daam de iennige ûntsluting fan it doarp. De feart rint hast rjocht fan noard nei súd mei healwei oan 'e feart it doarp. Oan 'e súdkant rint er út yn 'e Boalserter Feart en oan 'e noardkant komt er oer in lyts stikje Aldmear út yn 'e Frjentsjerter Feart. Spannum hie dus in ferbining mei de drokste farwetters fan Noardwest-Fryslân. Mei de oanlis fan 'e dyk nei Wommels feroare it en krige it doarp ek in ûntsluting oer lân. Oan 'e nije dyk kaam nijbou fan grutte en lytse karakteristike doarpswenningen wêroan't it doarp syn lange karakter te tankjen hat. thumb|left|Wente fan it eardere famme-ynternaat. Tusken 1878 en 1905 stie yn it doarp in kristlik ynternaat foar fammen út de boppelaach. Dat wie in inisjatyf fan 'e doetiidske herfoarme dûmny Johannes Krull, dy't syn eigen dochters ek nei sa'n soarte skoalle stjoerd hie. Hy wist de tsjerkerie oer te heljen om de stifting mooglik te meitsjen. De famkes hiene gjin omgong mei Spannumers en de betûfte famkes mochten troch de wike allinne Frânsk prate, Nederlânsk wie allinne op snein tastien. De belangstelling rûn op 't lêst efterút en de skoalle waard nei it sluten ôfbrutsen, mar de wente oan 'e Tsjerkebuorren 31 bleau stean en die letter tsjinst as boargemasterswente.Doarpskanon Spannum, oproppen 19 augustus 2023
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Spannum diel út fan 'e gemeente Hinnaarderadiel. Dêrnei kaam it yn 'e nij foarme gemeente Littenseradiel te lizzen. Op 1 jannewaris 2018 waard de gemeente Littenseradiel opdield en kaam Spannum yn gemeente De Waadhoeke te lizzen.
Mienskip De ynwenners fan Spannum en Iens wurkje in soad tegearre en oant 2017 hiene de doarpen ek in mienskiplike feriening foar Doarpsbelang. Mei't de gemeentlike weryndieling de twa doarpen elk yn in oare gemeente yndielde, stelden de doarpen elk in eigen doarsbelang yn. It doarpshûs hjit 'Us Gebou' en in kommisje organisearret ienris yn 'e twa jier mei Iens in doarpsfeest. De tradisjonele skelnamme foar Spannumers is eartepûlen of smoarpotten. thumb|260px|Monumintale pleats Tsjerkebuorren 16. Tsjerke De tsjerklike gemeente fan Spannum foarmet noch altiten in ienheid mei Iens.
Skoalle De iepenbiere skoalle waard yn 1879 in kristlike skoalle. Letter krige de kristlike skoalle de namme 'De Tarissing'. Yn 2022 ferlear Spannum de skoalle fanwegen it sakjende learlingetal.Omrop Fryslân, 23 july 2021 De pjutteopfang 'De Pikestjelp' wie al yn 2019 sletten. thumb|260px|Pastory. Ferienings Begraffenisferiening De Laatste Eer Biljertferiening It Griene Lekken Fûgelwacht Frjentsjer Jeu de Boules la Cible Keatsferiening Set Troch Koersbalklub Kristlike Muzykferiening Greidebrass Kristlike Muzykferiening Oranje Kuorbalferiening Spannum Stifting Meiïnoar Ien Toanielferiening De Nijljochters(Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside.)thumb|260px|Tsjerkebuorren 1. Befolkingsferrin Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2013 Ynwenners 177 390 352 341 275 275 240 281 Jier 2015 2020 Ynwenners 270 270(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2013, 2015 en 2020: Alle Cijfers.)''
Berne Durk Noordmans (1828-1907), leketeolooch Syp Wynia (1953), sjoernalist en kollumnist
Strjitten Bonkwerterreed, Felsumerleane, Laekwerterwei, Lytse Buorren, Pôle, Swachlumerleane, Sybrand Roordastrjitte, Tsjerkebuorren, Waling Dykstrastrjitte, Wyniastrjitte.
Ferskaat thumb|260px|It hûs op it plak dêr't de eardere bakkerij fan Waling Dykstra stie. Tusken 1840 en 1856 wenne de skriuwer Waling Dykstra yn Spannum. Hy wurke ynearsten op 'e bakkerij fan syn heit en mem, mar nei it ferstjerren fan syn mem ferkocht er de saak om him mear op it skriuwen ta te lizzen. Yn syn tiid yn Spannum skreau Dykstra it bekende liet 'Simmermoarn'. Op inisjatyf fan 'e Kristlike Muzykferiniening Oranje en de Stifting Mei-inoar waard yn 2023 yn Spannum it iepenloftspul Wat bisto leaflik!? organisearre.Ljouwerter Krante, 9 juny 2023 Sjoch ek Fryske doarpen
Kategory:Doarp of stêd yn De Waadhoeke Kategory:Doarp of stêd yn Littenseradiel Kategory:Doarp of stêd yn Hinnaarderadiel