Waaksens is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, tusken de doarpen Lollum en Burchwert, westlik fan Wommels. De Lathumer Feart rint noardlik fan it doarp. Waaksens hat ynwenners ().
Ta de himrik heart ek de buorskip De Bieren.
Namme It doarp waard foar it earst neamd as Waxlinge yn 1275. Lykas by alle âlde nammen mei de útgong -ing feroare de stavering dêr yn 'e 14e iuw fan. Yn 1440 wurdt Waxlinze neamd en yn 1482 Waxens. Yn 'e 16e iuw komme Waechsens, Waexens en Wassens foar. Op kaarten mei de Fryske farianten komt Vachsens foar. Fan de 17e iuw ôf komt Waaxens benammen foar. De earste part fan de namme giet mooglik om in persoansnamme WachsaNederlandse plaatsnamen verklaard G. van Berkel en K. Samplonius, 2018 yn etymologiebank.nl dy't ferbân hâldt mei "wachens". It twadde part -ingi betsjut sokssawat as "hearrende by".
Skiednis It doarp is al in âld doarp en is ûtstien op in terp. It doarp bleau lyts fanwegen de minne berikberens oer lân. Ynearsten waard de wetterferbining ferbettere, mar yn 'e rin fan 'e 19e iuw waard it doarp mei in dyk ferbûn út 'e Tjaard fan Aylvapolder, súdlik fan it doarp, en sadwaande rekke it doarp út syn isolemint. It doarp bleau in agrarysk doarp bebouwing fan in pear huzen en guon pleatsen, dy't sûnder patroan om de tsjerketer hinne pleatst binne. De kop-hals-romppleats Sminiastate waard yn 1874 boud. In rychje arbeiderwenten waarden oan it paad nei de tsjerke oan 'e eastkant boud.
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Waaksens diel út fan de gemeente Hinnaarderadiel dat doe mei Baarderadiel gearfoege waard ta de gemeente Littenseradiel. Yn 2018 kaam Waaksens ûnder de gemeente Súdwest-Fryslân.
Tsjerke De tsjerke stiet op in heech tsjerkhôf op de foar in part ôfgroeven terp en moat al tige âld wêze, mooglik út 'e 13e iuw. It is oplutsen út eartiids ôfbraakmateriaal. Dy tsjerke hat in saneamd westwurk, in "ynsletten" toer. It gebou hat in rûne koersluting. De spitsbôgige finsters en de stúklaach waarden yn 'e 19e iuw oanbrocht.
Mienskip Waaksens docht in soad yn de mande mei buordoarp Lollum, en de twa doarpen diele it doarpsbelang. It doarpshûs yn Lollum hjit De Nije Haven.
Ferienings Foar de list fan ferienings, sjoch op de side fan Lollum.
Tsjerke Protestantske gemeente Lollum-Waaksens Stifting Doarpstsjerken Lollum-Waaksens
Befolkingsferrin 1954 1959 1964 1969 2004 2013 2025 88 77 77 66 80 85Alle Cijfers 80
Strjitten Buorren - De Bieren - De Bieren Toarnwerterleane - Yn 1576 stie der in pleats mei de namme Toarnwerter zate. Ein 17e iuw wurdt neamd de plaknamme Tornwerd en yn de 19e iuw wurdt it skreaun as Tornwert. Torn soe komme kinne fan toarne.
Sjoch ek Fryske doarpen
Keppeling om utens
Kategory:Doarp of stêd yn Hinnaarderadiel Kategory:Doarp of stêd yn Littenseradiel Kategory:Doarp of stêd yn Súdwest-Fryslân