Lytsewierrum is in terpdoarp yn it suden fan 'e gemeente Súdwest-Fryslân. Oant en mei 1955 wie it doarp Rien in buorskip fan Lytsewierrum. Under Lytsewierrum falt ek de buorskip Greate Wierrum. Lytsewierrum hat in beskerme doarpsgesicht.
Skiednis It doarp ûntstie op in terp op 'e eastlike ein fan it gebiet fan Easterein, dat in skoft in eilân wie. It doarp ûnstie op en om dy terp, mar de terp sels is net mear te sjen.
Mooglik wiist de namme nei it feit dat it ien fan 'e lytse terpen om Easterein hinne wie. It diel 'Lutke' tsjut op lyts. Se wolle ek wol ha dat Lytsewierrum him mei de namme ûnderskiedt fan Greate Wierrum. Lytsewierrum waard lykwols earder neamt as Greate Wierrum: yn 1381 foar it earst as 'Liticawerum'. Oare nammen fan Lytsewierrum wiene 'Lytthya Werum' (1427), 'Luttikewerum' (1482), 'Lutke Werum' (1496), 'Luttekewerum' (1505), 'Kleijne Wierum' (1511), 'Luttelwierum' (16e iuw). Greate Wierrum waard foar it earst yn 1529 neamd.
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Lytsewierrum diel út fan 'e gemeente Hinnaarderadiel. Dêrnei kaam it yn 1984 by de nij foarme gemeente Littenseradiel. Nei in gemeentlike weryndieling kaam it doarp yn 2018 by de gemeente Súdwest-Fryslân.
Bouwurken 220px|thumb|left|Gertrudistsjerke
Lytsewierrum hat is in goed bewarre let-goatyske tsjerke. Hoewol't de toer oarspronklik fan âldere datum (1557) is as de tsjerke, is dy troch lettere fernijingen dochs minder autentyk. Op 'e sealtektoer stiet in "Sint-Marten" op in hynder, alhoewol't de tsjerke wijd is oan de hillige Gertrudis en net oan Sint-Marten. Oan it troch tsjerke en tsjerkhôf foarme rûne sintrum lizze in pear hiemen op in dúdlike ôfstân fan it sirkelfoarmige tsjerkepaad. thumb|260px|Pastorij Eastlik fan 'e tsjerke stiet de eklektyske pastorij út 1880.
Likernôch in kilometer súdlik fan it doarp oan 'e Legedyk stiet yn 'e buorskip Greate Wierum in yn 1921 boude Amerikaanske wynmotor. De Herkulesmûne is in ryksmonumint.
Mienskip Hinnaard, Itens, Rien en Lytsewierrum foarmje tegearre de fjouwer doarpen (De 4 Doarpen). Hja hawwe in mienskiplik doarpsbelang, in mienskiplike doarpskrante en ek de ferienings binne mienskiplik. It doarpshûs stiet yn Itens en hjit 'De Lytse Fjouwere'. thumb|260px|Hegedyk Tsjerke Protestantske streekgemeente 'De Slachsang' (webstee)
Skoalle Basisskoalle De Romte (webstee) yn Itens
Ferienings Aktiviteitenkommisje 'De Romte' Biljertferiening 'De Kromme Keu' Dartclub 'De Fjouwer Flaaijers' Filmclub Fûgelwacht 'De Fjouwer Doarpen' Iisklub 'Eensgezind' Kaartklub 'De Fjouwerkaart' Keatsferiening Itens e.o. Toanielferiening thumb|260px|Buorren Befolkingsferrin Jier 1954* 1959 1964 1969 1974 2004 2009 2022 Ynwenners 325* 113 109 96 88 60 71 60 * ynklusyf Rien
Ynfrastruktuer
Bustsjinst Troch Lytsewierrrum rint de folgjende busline:
Line 38: Hidaard - Snits fia Wommels
De busline troch Lytsewierrum wurdt fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten Buorren, De Heide, Greate Wierum, Hegedyk, Ivigeleane, Molmawei, Nijlânsdyk, Slachtedyk, Tsjerkeleane.
Ferskaat Yn 'e âlde pastorij mei de namme Bûtenskinkerij sit no keunstneresse Teresa Takes.
Sjoch ek Webstee fan Lytsewierrum (De 4 doarpen) Beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân Fryske doarpen
Kategory:Doarp of stêd yn Súdwest-Fryslân Kategory:Beskerme doarpsgesicht yn Nederlân Kategory:Doarp of stêd yn Littenseradiel Kategory:Doarp of stêd yn Hinnaarderadiel