Húns is in doarp yn de gemeente Ljouwert. It doarp krige yn de rin fan de tiid net in soad nijbou. Yn it midden fan it doarp leit it keatsfjild.

Namme It doarp waard foar it earst yn 1275 beskreaun as 'Honnyghadyc'. Dêrnei komme farianten lykas Hynnynghe (1473), Hynghe (1473), Huns (1505) en Hoens (1529) foar. Yn de 18e iuw is it Huyns en yn de 19e iuw Huyns en Huns. It earste diel fan de namme soe in ferwizing wêze nei de persoansnamme Huno.Friese Plaatsnamen, Karel F. Gildemachter, ISBN 978 90 330 0643 2, side 114 Mei de ynfiering fan offisjele Fryske plaknammen troch de (eardere) gemeente Littenseradiel waard de plaknamme offisjeel Húns.

Skiednis Gaueftich nei 1200 waard de tsjerke fan Húns boud. Oant fier yn de 18e iuw bleau Húns in isolearre doarp. De iennige ferbinings fan it doarp wiene de opfeart nei de Boalserter Trekfeart en it paad dat it doarp ferbûn mei Hoptille en Hilaard. Mar ek al lei Húns isolearre, om 1750 hinne krige it doarpke dochs in panwurk, dêr't dakpannen bakt waarden. Yn it doarpswapen ferwize de reade dakpannen nei dat fabrykje. Yn de grûn fan Húns tilt it ek no noch op fan de skerven van dakpannen.

Yn de twadde helte fan de 19e iuw waard de terp foar it measte ôfgroeven, dat de tsjerke stiet tsjintwurdich op it ôfstutsen restant fan de terp. Op it plak fan de eardere terp leit it keatsfjild. Yn 2004 binne by de terp in tritich gouden munten fûn. Dy moatte yn de 16e iuw yn de grûn stoppe wêze.Omrop Fryslân, 24 juny 2004

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Húns diel út fan de gemeente Baarderadiel. Nei't it doarp sûnt 1984 ûnderdiel foarme fan de doe nije gemeente Littenseradiel, kaam it yn 2018 by in folgjende weryndieling by de gemeente Ljouwert.

Mienskip thumb|left|200px|De Húnzer Murd De ynwenners dogge in soad tegearre mei it tichtby lizzende Leons. Der is in feriening Doarpsbelang Húns-Leons. It doarpshûs hjit de Murdhûn, ferneamd nei de bynamme fan de Húnzers.

Tsjerke thumb|260px|Nikolaastsjerke De protestantske gemeente Hilaard-Húns-Leons makket út en troch gebrûk fan de Nikolaastsjerke.

Ferienings Soas Húns-Leons De Takomst - toaniel Keatsferiening

Berne Pieter Hiemstra (1878-1953), lânbouwer, fakbûnsman en SDAP-politikus Frederik Gerard van Dijk (1905-1994), abbekaat en VVD-politikus Jan Rodenhuis (1917-1987), sosjalistysk steatelid, keatser Tineke Fopma (1953-), hurdfytser. thumb|260px|Alde skoalle

Befolkingsferrin Jier 1954 1959 1964 1969 1974 1999 2004 2022 Ynwenners 151 154 152 144 129 101 104 105

It besjen wurdich thumb|260px|Húnzermûne

De 13e-iuwske Nikolaastsjerke. In eintsje súd fan Húns stiet de Húnzermûne, in poldermole út 1829.

Ynfrastruktuer

Provinsjale wei Lâns Húns rint de N359.

Bustsjinst Troch Húns rint de folgjende busline:

Line 92: Surch - Ljouwert fia Boalsert

De busline troch Húns wurdt fersoarge troch Qbuzz.

Ferskaat Húns en Leons yn fûgelflecht, dit boekje waard útjûn by it 100-jierrich bestean fan de keatsferiening.

Sjoch ek Beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân Fryske doarpen

Keppeling om utens webstee van Huins en Leons

Kategory:Doarp of stêd yn Baarderadiel Kategory:Doarp of stêd yn Littenseradiel Kategory:Beskerme doarpsgesicht yn Nederlân Kategory:Doarp of stêd yn Ljouwert (gemeente)