Hidaard is in doarp yn it suden fan de gemeente Súdwest-Fryslân. It doarp hat likernôch 125 ynwenners (2022). De namme komt fan de eigennamme Hida mei de útgong -wert. By it doarp hearre ek de buorskippen De Kliuw, Hidaardersyl en Trijehuzen.
Lizzing Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Hidaard diel út fan de gemeente Hinnaarderadiel. Yn 1984 kaam Hidaard bij de nije gemeente Littenseradiel. By de opheffing fan Littenseradiel waard Hidaard yn 2018 by de gemeente Súdwest-Fryslân yndield. It terpdoarp leit yn de âldste polder fan Nederlân, It Eilân fan Easterein. Súdwestlik fan Hidaard leit de kearslûs yn de Slachte oer de Hidaarder Feart, in útwetteringsslûs út de 10e iuw fan de Eastereinder Polder en letter foar in diel fan Hinnaarderadiel en Barradiel. Hidaard leit oan de Marnerûte foar kano's en hat ek in oanlissteiger.
Gebouwen
De kop-hals-romppleats oan de Buorren 4 is in ryksmonumint.
Ien fan de meast bekende bewenners fan it doarp wie faaks it kastleinske Tsjerkje Huitema, better bekend as 'Tsjerkje fan de Kliuw' (1903-2002).Ljouwerter Krante, 30 desimber 2016 Har eardere kafee stie súdeastlik fan de doarpskearn oan de fjouwersprong De Kliuw. Nei har ferstjerren waard it ta wenhûs ferboud en is no in Bêd en Brochje-adres.
Súdlik fan it doarp stie in 19e-iuwske muonts. De restauraasje fan de mûne wie yn tarieding doe't yn novimber 1981 de mûne omwaaide. Fan in weropbou is it nea kommen.Molendatabase, oproppen 6 jannewaris 2022
Tsjerke
De protestantske mienskip fan Hidaard foarmet mei Wommels ien PKN-gemeente. Der wurde regelmjittich tsjinsten yn de tsjerke fierd.PKN Hidaard-Wommels
Yn de Tomastsjerke in sark út de 16e iuw fan de lêste abt fan it eardere Kleaster Blomkamp. It oargel is fan 1935, boud troch Bakker & Timmenga út Ljouwert.
Mienskip De feriening foar Doarpsbelang is oprjochte op 9 febrewaris 1925. Yn augustus is der meast in doarpsfeest. Biljertferiening de Hiddastjitters spilet yn doarpshûs it Hiddahûs. De keatsferiening Hidaerd bestiet sûnt 1976.
Befolking 1954 - 180 1959 - 178 1964 - 133 1969 - 130 1974 - 122 2004 - 110 2025 - 125
Ynfrastruktuer
Bustjinst Troch Hidaard rint de folgjende busline:
Line 38: Hidaard - Snits fia Wommels
De busline troch Hidaard wurdt fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten Buorren, Doniadyk, De Kliuw, Tjebbingadyk, Trijehuzen.
Sjoch ek Fryske doarpen
Keppeling om utens Oer Hidaard
Kategory:Doarp of stêd yn Hinnaarderadiel Kategory:Doarp of stêd yn Littenseradiel Kategory:Doarp of stêd yn Súdwest-Fryslân