Warten is in Frysk doarp yn 'e gemeente Ljouwert. It leit direkt noardlik fan it Nasjonaal Park De Alde Feanen, oan it Prinses Margrietkanaal. It is troch in pontfear it ferbûn mei Earnewâld. Sûnt 1989 is de offisjele plaknamme it Frysktalige 'Warten'. It doarp hearde foar de gemeentlike weryndieling fan 2014 ta Boarnsterhim, en foar de weryndieling fan 1984 makke it ûnderdiel út fan Idaerderadiel.
Skiednis Warten ûntstie oan it Alddjip. Om 900 moat de terp al bewenne west ha. It lei frijwat isolearre omt der allinnich oer wetter goed te kommen wie. Op âlde kaarten wurdt it oantsjutten as Warthna en Wartengahe. Dat soe in soarte fan gearlûking wêze kinne fan Warten, Wergea en Warstiens. Yn 1865 en 1866 waarden der wegen oanlein nei Garyp en Wergea.
Yn Warten siet sûnt 1907 in skipswerf dêr't skûtsjes, sleepboaten en coasters boud waarden. Ek MS Sier waard hjir boud. Yn 2003 gie de werf fallyt.
Mids septimber 2018 waard yn 'e tsjerke fan Warten In Ikoan mei in Knypeach holden, in betinking fan akteur Rense Westra, dy't lang yn Warten wenne en tsjerke.
Gebouwen thumb|left|200px|Herfoarme tsjerke fan Warten
De herfoarme tsjerke út 1780 hat brânskildere ramen. Yn de buorren stiet de Ald Fryske Greidbuorkerij" út 1700 dy't yn 1955 opknapt is. Yn dit langhûs sit no in museum. In oar museum is "It Earmhûs". Súdeast fan it doarp stiet mole De Ikkers, in oarspronklik út de 18e iuw datearjende spinnekopmole. thumb|260px|Warten mei museumgebouwen op de eftergrûn
Mienskip Der is in feriening foar Doarpsbelangen. It doarpsblêd hjit Kommune. en It Ljochtbeaken binne de basisskoallen fan it doarp. De Roekeflecht is de soas far jongerein. Oan de Rochsleat efkes bûten Warten leit in jachthaven. thumb|260px|Alde pastorij oan de Haadstrjtte
Tsjerken PKN-gemeeente Warten-Wergea-Warstiens Herfoarme gemeente Wartengahe
Skoallen De kristlike basisskoalle It Ljochtbeaken moast yn 2011 nei 115 jier de doarren slute nei't it tal learlingen ûnder de 23 sakke. Sûnt hat it doarp noch ien basisskoalle: de iepenbiere basisskoalle De Finne.Ljouwerter Krante, 11 oktober 2010
Ferienings Toanielselskip Warten 'k Haw 'm rekke - badminton Kuorbalferiening Mid-Fryslân / ReduRisk Akkrum-Grou-Reduzum-Warten Gymnastykferiening Sparta Tennisferiening Warten Iisklub De Harmony Fûgelwacht Idaerderadiel Noard (Warten-Wergea-Warstiens; webstee) Froulhuskoar Eigenwiis thumb|260px|Haven mei gebou oan it Hellingpaed
Eveneminten Wartenster Wetter Wille is in evenemint dat ienris yn de twa jier fierd wurdt.(webstee)
Een vloot van historische schepen als skûtsjes, notarisbootjes, opdrukkertjes, sleepboten. Befolkingsferrin Jier 1954 1959 1964 1969 1973 1999 2004 2007 2010 2021 2022 Ynwenners 834 809 811 777 804 988 1022 996 963 925 905
Bekende (âld) ynwenners Roelof en Marit Bouwmeester - Fryske silers
Berne yn Warten Albert Wybenga (1887), skriuwer Sipke Castelein (1910), reedrider Jan Wybenga (1917), skriuwer Roel Bergsma (1917), dammer en revuskriuwer Piter Bergsma (1927), dammer en revuskriuwer Piter Boersma (1947), skriuwer Roelof Bouwmeester (1985), hurdsiler Marit Bouwmeester (1988), hurdsilster
Ynfrastruktuer
Bustsjinst Troch Warten rinne de folgjende buslinen:
Line 5: Busstasjon Ljouwert - Warten Line 25: Ljouwert - Warten fia Nijlân en Middelsee
De buslinen troch Warten wurde fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten Alle strjitten yn Warten.
Sjoch ek Fryske doarpen
Kategory:Doarp of stêd yn Idaerderadiel Kategory:Doarp of stêd yn Boarnsterhim Kategory:Doarp of stêd yn Ljouwert (gemeente)