Baaium is in terpdoarp yn 'e gemeente De Waadhoeke. Yn 'e himrik fan Baaium leit oan de Kleasterwei yn 'e rjochting fan Winsum de buorskip Houten Baaium.
Baaium hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners.
Skiednis thumb|left|Midsiuwske tsjerke fan Baaium Om it ein fan de 12e iuw hinne waard troch de muonts Jelmer fan Mariëngaarde op it plak in tsjerke stifte. Hy krige dêrby help fan de abt fan Lidlum en fan in ryk frommis mei de namme Simk. Databestand kloosters in Nederland ( Erfgoedcentrum Nederlands Kloosterleven )PKN Wjelsryp-Baaium Dat barde yn it ramt fan de ferhûzing fan de nonnen fan it kleaster Lidlum of Mariëndelle yn 1186. Kleaster Lidlum wie as dûbelkleaster fan Mariëngaarde oergien nei de Premonstratinzerske oarder en dy stie gjin dûbelkleasters ta. Dêrom moasten de nonnen dêrwei en by Baaium waard in gaadlik plak fûn foar de nije kleasterstifting. Fanwegen de lokaasje op in terp waard it kleaster ek wol Sint-Michaelsberch (Sint-Michylsberch) neamd, mar it meast bekend waard it kleaster ûnder de namme Muontsebaaium.Databestand kloosters in Nederland ( Erfgoedcentrum Nederlands Kloosterleven ) Mei de reformaasje yn 1580 kaam der lykas foar oare kleasters ek in ein oan it kleaster fan Baaium.
De reformaasje gie yn Baaium stadich en yn alle gefallen bleau in diel fan de ynwenners katolyk, want yn oktober 1703 krige de grytman fan Hinnaarderadiel in brief fan Deputearre Steaten om de roomske preester te ferbieden in misse op te dragen yn 'e kapel fan Baaium. Yn 1840 wiene noch altiten jimmeroan 20 fan de goed 100 ynwenners roomsk, de oare bewenners wiene foar it measte herfoarme.
left|thumb|Baaium omtrint 1950 Yn april 2000 waarden yn in stikje greide súd fan de Alde Baaiumerdyk resten fan in 12e iuwske stins fan dowestien fûn. Oer de skiednis fan de stins is neat bekend.Stinsen in Friesland, oproppen 7 augustus 2023, útsein dat dy mei de Eeckemastins ferweve is, dy't himelsbreed likernôch 100 m noardeastlik fan dy stins stie. De Eeckemastins stie oant 1685 by Baaium en waard tusken 1602 en 1610 bewenne troch grytman Ulbo van Aylva fan de gritenij Baarderadiel.Stinsen in Friesland, oproppen 7 augustus 2023
Yn 1832 moast men noch om it doarp hinne ride oer de Alde Baaiumer dyk. De Baaiumer Opfeart slút op de Frjentsjerter Feart oan.
De midsiuwske tsjerke waard yn 'e twadde helte fan de 19e iuw yn fazes ôfbrutsen en ferfongen troch nijbou. It doopfont fan de tsjerke bestiet út stikken Bentheimer sânstien út de 14e iuw, dy't yn 1668 opgroeven binne. Mooglik tsjinnen de stikken stien as alter of om it koer fan 'e tsjerke te skieden en waarden se foar de byldestoarm yn 'e grûn ferstoppe. Der is in grut doopfont fan makke, dy't sa grut is, dat de útdrukking 'Sa grut as it Baaiumer doopfont' ûntstie.
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Baaium diel út fan de gemeente Hinnaarderadiel. Yn 1984 gie it oer nei de doe nije gemeente Littenseradiel. Nei noch in gemeentlike weryndieling kaam it yn 2018 by de gemeente De Waadhoeke.
Mienskip Baaiumers wurde tradisjoneel foar eartpotten útskolden. It doarpshûs hjit dan ek 'De Eartpot' en it doarpskrantsje 'Ut 'e Eartpot'. Baaium hat in feriening fan doarpsbelang.
Tsjerke Herfoarme gemeente Wjelsryp-Baaium (PKN) thumb|260px|Tsjerke fan Baaium
Befolkingsferrin Jier 1840 2013 2015 2020 Ynwenners 108 101 117 120 (Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2015 en 2020: Alle Cijfers)
Eveneminten Doarpsfeest Baas Haye (augustus)
Ferskaat thumb|left|Wynmotor Baaium In heale kilometer besuden it doarp stiet de Amerikaanske wynmotor Baaium. It yn 1935 as poldermole boude ryksmonumint waard yn 2021 restaurearre.Omrop Fryslân, Amerikaanske wynmotor werompleatst by Baaium, 26 april 2021
Strjitten Alde Baaiumerdyk, Alde Dyk, Buorren, Foarstreek, Hasthemerwei, Kleasterwei, Werpsterwei.
Sjoch ek Tsjerke fan Baaium Fryske doarpen
Kategory:Doarp of stêd yn De Waadhoeke Kategory:Doarp of stêd yn Littenseradiel Kategory:Doarp of stêd yn Hinnaarderadiel