De Harkema is in doarp yn de gemeente Achtkarspelen, west fan Surhústerfean. De ynwenners hjitte offisjeel Harkemasters, mar yn de folksmûle wurde hja meast Harrekiten neamd.

De Harkema hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners.

Skiednis Bouwe of Buvo Harckema hie in broer Gercke (nammejouwer fan Gerkeskleaster en bouwer fan it kleaster 'Jeruzalim', dat in grutte rol spile by de ferfeantingen). Lykas syn broer stifte Bouwe yn 1242 by Droegeham ek in kleaster. Ek dat kleaster spile in rol yn 'e feanterij en dêrmei yn it lettere ûntstean fan De Harkema. En Bouwe Harkema soe letter ek de nammejouwer fan it doarp wurde. thumb|left|Holwente Yn 'e 17e en 18e iuw lei healwei Droegeham en Stynsgea oan beide kanten fan de wei it lange streekdoarp Harkema-Opeynde. Dy aardich grutte boeremienskip ferdwûn troch ferskillende omstannichheden, mar op de súdliker lizzende heidefjilden ûntstie yn 'e 19e iuw nije bewenning yn 'e foarm fan tige earmoedige wenten en in soad spitketen.

Groepkes spitketen dy't by elkoar stiene waarden Smoarhoeke, de Fûgelkamp, Barchhiem, de Bulten, de Dunen en de Bosk neamd. De heidebewenners hiene net folle kontakt mei de lju út de omlizzende doarpen en hja waarden ek in soad skoudere.

De tsjerklike grinzen fan de omlizzende doarpen Droegeham, Stynsgea, Surhústerfean en Surhuzum wiene op de heide net dúdlik, sadat der ek hast gjin pastoraal wurk dien waard. Mei de komst fan de evangelist Lambertus Nankes Warmolts feroare dat en hy stifte in ynearsten houten evangelisaasjegebouke en yn 1908 in skoalle foar de bern. Yn 'e selde tiid kaam ek it sosjalisme op en mannen as Jelle Dam en Durk Mozes setten harren ek tige foar de heidsjers yn. thumb|left|Stiennen arbeiderswente De Wenningwet soarge der foar dat de spitketen ferfongen waarden troch stiennen hûzen. Yn 1920 waarden de eardere heidegebieten fan Droegeham, Surhústerfean en Surhuzum gearfoege en ûnstie De Harkema-Opeinde as in selsstannich doarp.

Sûnt de jierren 1950 groeide de ynearsten losse bebouwing fan De Harkema ta in oanslutende ienheid. Tusken 1953 en 1964 waarden fral troch partikuleren wol 300 wentes boud, De Harkema waard ek wol in boufakkersdoarp neamd. Oan de Betonwei ûnstiene mear resint ek ferskillende bedriuwen.

Yn 2013 krige De Harkema yn it sintrum in nij winkelgebiet.

Namme De namme waard foar it earst yn 1530 neamd as Opeyndt. Oare nammen wiene Harckma Op Eynd (1718) en Harkema Opeynde (1786). Yn de folksmûle waard it doarp ek wol Opein neamd; oare nammen wiene De Harkema-Opeinde, de Hamsterpein, de Hamsterheide of De Harkema. Om gjin betizing mei de Grinzer Pein (Opende) en De Pein (Opeinde) te krijen krige it doarp yn 1972 de namme Harkema, de namme waard letter feroare yn De Harkema.

Wapen fan De Harkema De liuw is ôfkomstich fan it wapen fan de famyljenamme Harckema. Op in tsjerkebank yn Stynsgea is dy ek noch te sjen. Bouwe Harckema, de stifter fan it Bouwekleaster, hie dat wapen doe noch net. De reade kleur tsjut de bloeiende heide oan, it turfblok it turfstekken en de ikel symbolisearret de iken yn de Fryske Wâlden.

Mienskip thumb|260px|Oarlochsmonumint De redaksje fan it Doarpsblêd hat yn eigen behear in fotoboek útjûn. Sûnt 2003 bestiet de Kommisje Doarpsfeest. De "Panne" is in priis dy't alle jierren útrikt wurdt oan immen dy't him fertsjinstlik makke hat foar it doarp. Kluphûs Harkema is der foar sosjaal-kultureel wurk.

Tsjerken thumb|260px|PKN-tsjerke Frije Evangelyske tsjerke (Warmoltstsjerke) PKN-tsjerke

Skoalle Kristlike basisskoalle De Wynroas Iepenbiere basisskoalle It Holdersnêst

Ferienings Boerekapel De Harrekiten Kristlike Brassband It Heideblomke (webstee) Follybalferiening HVC Fuotbalferienings VV Harkemase Boys (webstee) VV Harkema-Opeinde (webstee) Gymnastykferiening Hercules De Heideruters Iisklup De Harkema Jongereintoaniel Kom Mar Op! Kuorbalferiening De Harkema Tennisferiening De Harkema Toanielferiening Harkjemar Bekende Harkiten De hurdfytsers Wiebren Veenstra en Pieter Weening komme út De Harkema. Pieter Weening wûn op 9 july 2005 as earste Fries in etappe yn de Tour de France. Lambertus Nankes Warmolts (1845-1928), dûmny Jelle Dam (1857-1935), sosjalistysk foaroanman Durk Mozes (1894-1985), sosjalistysk foaroanman Pier Alma (1939-2000), fuotbaltalint Wiebren Veenstra (1966), hurdfytser Ronnie Pander (1977), âld-proffuotballer Pieter Weening (1981), hurdfytser dy't op 9 july 2005 as earste Fries in etappe yn de Omgong fan Frankryk wûn hat.

Befolkingsferrin Jier 1848 1913 1955 1960 1965 1970 1990 1994 1998 Ynwenners 483 1204 2841 2839 3224 3486 4215 4296 4291 Jier 2002 2006 2008 2012 2014 2015 2020 Ynwenners 4275 4292 4228 4203 4268 4263 4308

Temapark De Spitkeet thumb|260px|Spitkeet (Temapark) Simmerdeis is yn it Iepenloftmuseum De Spitkeet te sjen yn hokker omstannicheden de bewenners tusken 1850-1920 libben en wennen. Der is in earmetsjerkhôf, in spitkeet, in klokkestoel, in wâldhúske, in fruithôf, in skieppehok en in wenningwetwente.

Ynfrastruktuer

Provinsjale wei Troch De Harkema rint de N369.

Bustsjinst Troch De Harkema rint de folgjende busline:

Line 13: Ljouwert - Drachten fia Surhústerfean

De busline troch De Harkema wurdt fersoarge troch Qbuzz.

Strjitten Alle strjitten yn De Harkema.

Publikaasjes -"De erfenis van Bouwe Harkema" -"Boerderijen met hun bewoners en andere bijzonderheden in Drogeham en het oude Harkema-Opeinde." -"Spitketen op de Friesch-Groningsche Heide; over het wonen, leven en werken op de heide van 1850 tot 1950." -"Al mijn moeders" - "Groeten uit Harkema"

Kategory:Doarp of stêd yn Achtkarspelen