Poppenwier is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân tusken Jirnsum en Dearsum oan de Snitser Aldfeart. It is it meast noardlike doarp fan 'e Legeaën.

Skiednis Poppenwier is in terpdoarp. Der binne potdiggels fûn fan kûgelpotten en Rynlânsk ierdewurk út de 1e iuw oant de 10e iuw. Yn 1478 waard krekt benoarden Poppenwier it kleaster Ingwert stifte, in kleaster fan de grauwe beginen. Mei de ynfiering fan de reformaasje yn 1580 waard it kleaster sletten en de lêste resten fan it kleaster binne yn 1875 ôfbrutsen. Ek de terp dêr't it kleaster op stie waard doe ôfgroeven.Erfgoed Kloosterleven, oproppen 30 april 2023

By it doarp stie eartiids de Albadastins. thumb|left|260px|Nikolaastsjerke De namme Poppenwier komt út de 14e iuw: Poppe is in manljusnamme; wier ferwiist nei de terp fan it doarp. Aldere nammen fan it doarp binne Popengwere (1401), Poppingawyr (1446), Poppingawyer (1505) en Poppingwier (1579). Yn 1989 waard de offisjele namme Poppingawier yn it ramt fan de offisjele ferfrysking fan de plaknammen fan de gemeente Boarnsterhim feroare yn Poppenwier.

Eartiids wie Poppenwier allinne oer it wetter te berikken. Súdwestlik fan it doarp lei oant de droechlizzing yn 1860Kapitaalvorming in infrastructuur in Nederland, 1800-1913 Groote, Peter Dirk (PDF) de Poppenwierstermar. De namme fan de 19e-iuwske kop-hals-romppleats Marsherne is noch in oantinken oan de mar.

De midsiuwske Nikolaastsjerke waard yn 1860 ferfongen troch de hjoeddeiske.Monumenten in Nederland. Fryslân(2000) – Sabine Broekhoven, Saskia van Ginkel-Meester, Chris Kolman, Yme Kuiper, Ronald Stenvert

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Poppenwier diel út fan de eardere, nei ien fan de Himpolders ferneamde, gemeente Raarderhim. Op 1 jannewaris 1984 gie Raarderhim mei de gemeenten Idaerderadiel en it grutste part fan Utingeradiel op yn de doe nije gemeente Boarnsterhim. By de opheffing fan de gemeente Boarnsterhim op 31 desimber 2013 gie Poppenwier oer nei de doe noch nije gemeente Súdwest-Fryslân.

Mienskip thumb|260px|De Herbech Nei de sluting fan it doarpshûs anneks kafee 'De Herberch' hat de doarpsmienskip it nije doarpshûs 'De Trilker' boud. Der is in feriening foar Pleatslik Belang en in Merkekommisje foar de feesten. De stifting Pop'nPop organisearret oan it lân oan de Marsherne in muzikaal túnfeest. Der wurde in tal festiviteiten mei preammen organisearre, lykas in wedstriid tusken preammen fan doarpen yn 'e Legeaën. thumb|260px|Binnenbuorren Tsjerken

Yn Poppenwier steane twa tsjerken: de fermanje en de herfoarme- of Nikolaastsjerke. Beide tsjerken wurde net mear brûkt foar de earetsjinst. De Nikolaastsjerke wurdt no as aula brûkt en foar eksposysjes en sjonggroepen.

Skoalle It doarp hat foarhinne in eigen skoalle hân. Tusken 1862 en 1876 wie dat in gebouke achter de herberch en dêrnei stie de skoalle oant 1937 oan de Bûtenbuorren.Albadalien, oproppen 30 april 2023 Tsjintwurdich geane de Poppenwierster bern yn'e regel nei de skoalle fan Raerd.

Ferienings Poppenwier hat in relatyf grut ferieningslibben, de list is mooglik net folslein. Toanielferiening Foarút Iisklub Tryntsje Piters Toulûkferiening Frouljusklub Fûgelwacht Raarderhim thumb|260px|Bûtenbuorren Befolkingsferrin Jier 1954 1959 1964 1969 1974 1999 2004 2013 2022 Ynwenners 279 238 226 184 173 182 184 175 165

Berne Douwe Kiestra (1899-1970), skriuwer, dichter en politikus.

Ynfrastruktuer Bustsjinst Troch Poppenwier rint de folgjende busline:

Line 94: Snits - Reduzum

De busline troch Poppenwier wurdt fersoarge troch Qbuzz.

Strjitten Binnenbuorren - Bûtenbuorren - Bûtlânswei - Fiskerssteech - Harstawei - Ingwert - Pôle - Skoalsteech -

Sjoch ek Beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân Fryske doarpen

Kategory:Beskerme doarpsgesicht yn Nederlân Kategory:Doarp of stêd yn Súdwest-Fryslân Kategory:Doarp of stêd yn Boarnsterhim Kategory:Doarp of stêd yn Raerderhim