thumb|200px|Kokadorus thumb|200px|Stânbyld fan Kokadorus (1977) fan Erica van Eeghen op it Amsterdamse Amstelveld Kokadorus (Ljouwert, 22 maart 1867 - Amsterdam, 27 maaie 1934) wie de namme fan in Amsterdamsk-Joadske merkekeapman.

Libben Meyer LinnewielDe earste namme wurdt ûngelyk stavere: Meier, Meyer, Meijer. Op syn berteakte stiet Meyer. (in ferbastering fan it Frânske Luneville) sa't syn echte namme wie, waard berne yn 1867 yn Ljouwert, mar ferhuze al gau nei Amsterdam. Dêr ferkocht hy al om syn tsiende op de Kalverstraat lúsjefers. Hy hie der hannichheid yn en is syn libben lang stânwurker bleaun, meastal wurkjen ûnder de namme Kokadorus.As ferklearring foar dy namme wurdt faak op it aljemint brocht dat hy mei dy namme syn pake Ko, syn beppe Ka en syn heit Dorus eare. Syn heit hjitte lykwols Jacob, syn paken en beppen Jacob, Mietje, Salomon en Eva.

Op it Amstelveld ferkocht hy galgen (Zó goed! Om je schoonmoeder aan op te hangen!) en toiletartikels, mar wie benammen bekend om syn politike kommentaren en syn mûlripe konversaasje. Kening Willem III fernom derfan en nûge him út om yn Apeldoorn op It Loo sprekken te kommen, mar yn it sjike selskip foel de oars sa snedige stânwurker stil.

Yn 1906 fierde hy syn sulveren jubileum; sûnttiids neamde hy him "professor Kokadorus", in titel dy't hy honoris causa krigen hawwe soe fan de Amsterdamske Gemeente-universiteit. Hy wist ek te fertellen dat de Britske kening Eduard VII yn Londen in plein nei him ferneamd hie, Kokadorus Square.

Yn 1934 ferstoar de man dy't troch syn kollega's oanpriizge waard as "keizer fan de stânwurkers", en dy't himsels — mei in knypeachje nei in bekend toanielstik fan Shakespeare — oantsjutte as "de Keapman fan Noard-Feneesje". Der stiet in beskieden stânbyld fan Kokadorus op it Amstelveld, dêr't Kokadorus op te sjen is by it aanprijzen fan galgen.

Trivia Kokadorus is opnomd yn de top-100 fan bekende Ljouwerters, opsteld troch it Histoarysk Sintrum Ljouwert.Zie website HCL

Literatuer Jan Feith, Op het Amstelveld. Mémoires van professor Kokadorus (den Echte!) (1909)

Kategory:Frysk keapman Kategory:Nederlânsk keapman Kategory:Frysk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Frysk persoan fan Frânsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Frânsk-Joadsk komôf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1867 Kategory:Persoan stoarn yn 1934