Benjamin Pieter Liese (Ljouwert, 4 oktober 1909 – Haarlim 27 april 1985) wie in Nederlânske boargemaster fan de Partij fan de Arbeid.

Hy wenne yn Leien en Veendam foardat hy op 1 jannewaris 1947 beneamd waard ta waarnimmend boargemaster fan de destiidske Grinslanner gemeente Wildervank. Yn 1951 waard hy definityf beneamd as boargemaster fan dy gemeente. Hy fersette him yn de jierren sechtich fan de 20e iuw tsjin de opheffing fan syn gemeente. It die gjin fertuten, want de gemeente Wildervank waard per 1 jannewaris 1969 opheft en kaam foar in diel by Veendam en in oar diel by Stadskanaal.Leeuwarder Courant d.d. 19 desimber 1959 en 3 jannewaris 1969 Yn jannewaris 1969 waard Liese beneamd as boargemaster fan de gemeente Ten Boer dêr't er oant syn pinsjoen yn 1975 stean soe.

By syn boargemasterskip fan Wildervank boude de marine in kustminefeier Hr. Ms. Wildervank. It skip waard troch syn frou J. Liese-Letterboer te wetter litten.Leeuwarder Courant d.d 25 febrewaris 1955 Liese bea de kommandant fan it skip in skipsbelle mei it wapen fan de gemeente Wildervank oan mei in jierlikse attinsje foar de bemanning fan it skip.Dagblad voor Amersfoort d.d. 29 desimber 1955

Kategory:Frysk politikus Kategory:Frysk sosjalist Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:PvdA-politikus Kategory:Nederlânsk boargemaster Kategory:Nederlânsk sosjalist Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1909 Kategory:Persoan stoarn yn 1985