Binne Pieter van der Veen (Ljouwert, 20 desimber 1916 - dêre, 10 jannewaris 1981) wie VVD-politikus en abbekaat.

Nei in stúdzje Sivyl Rjocht yn Grins waard er yn 1945 abbekaat yn Ljouwert. Plakferfangend kantonrjochter yn 1946 en fan 1946 - 1974 gemeenteriedslid fan Ljouwert. Fan 1946 - 1974 lid fan Provinsjale Steaten fan fryslân en fan 1959 - 1963 lid fan de Twadde Keamer.

Oare funksjes 1933: meioprichter fan de ôfdieling Ljouwert fan de Vrijzinnig-Democratische Jongeren Organisatie (VDJO) goed 10 jier foarsitter fan de Wenningkorporaasje Vereniging voor Volkshuisvesting yn Ljouwert 20 jier lang oerste fan de Oarder fan Advokaten yn Ljouwert

Kategory:Frysk abbekaat Kategory:Frysk rjochter Kategory:Frysk politikus Kategory:VVD-politikus Kategory:Frysk gemeenteriedslid Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân Kategory:Twadde Keamerlid Kategory:Frysk liberaal Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1916 Kategory:Persoan stoarn yn 1981