thumb|Hans Monderman (2006)foar de Lawei yn Drachten Johannes Iebe (Hans) Monderman (Ljouwert, 19 novimber 1945 - Oerterp, 7 jannewaris 2008) wie in Nederlânsk ferkearskundige.

Monderman ûntwikkele yn de jierren njoggentich in nije fyzje op ferkearsfeilichheid. Neffens him wurde troch it weiheljen fan ferkearstekens ferkearsdielnimmers stimulearre om mear om elkoar te tinken. Mei dit konsept, dat bekend waard as Shared Space, krige hy ynternasjonale bekendheid. Yn 2006 waard hy útroppen ta Innovator fan it Jier.

Wurkpaad 1969: ferkearskundige by de provinsje Fryslân 1979: meiwurker Regionaal Orgaan verkeersveiligheid Friesland (ROF) 1996: ferkearskundige by de gemeente Smellingerlân 1999: konsultant foar de provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte 2000: meiwurker Van Keuning Ynstitút yn Grins

Literatuer Harm Jan Stalman en Allard Wiersma, Openbare ruimte in Fryslân - 20 jaar Regionaal Orgaan verkeersveiliheid Fryslân (2001).

Kategory:Frysk amtner Kategory:Ferkearskundige Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan stoarn yn Oerterp Kategory:Persoan berne yn 1945 Kategory:Persoan stoarn yn 2008