thumb|Frede en Gerjochtichheid Gerbrandus van der Haven (Ljouwert, foar 1690 - Grins, 1765) wie in Nederlânske byldhouwer.Oer Gerbrand van der Haven

Libben en wurk Gerbrandus (ek: Gerbrand) van der Haven wie byldhouwer yn Ljouwert, yn 1713 wurdt hy ek fermeld as master-mitseler. Hy wurke mei hout en mei stien.Geschiedenis der Vaderlandse Schilderkunst: Gerbrandus van der Haven Yn 1757 fêstige hy him yn Grins. Hy makke dêr ûnder oare byldhouwurk foar it Sichtermanhûs, dat boud waard troch syn broer Theodorus.

Inkele wurken 1715 bylden Frede en Gerjochtichheid boppe yntree fan it Stedhûs fan Ljouwert. 1718 barokke preekstoel yn de Sint-Gertrudistsjerke yn Warkum. Mooglik makke hy ek de froedskipsbank (1716) foar de tsjerke. 1725 bylden Leauwe, Hoop en Leafde foar it haadoargel yn de Jakobinertsjerke yn Ljouwert 1730 Sint Michael yn topgevel fan it Stedhûs fan Harns byldhouwurk oan it Sichtermanhûs yn Grins.

Kategory:Frysk byldhouwer Kategory:Frysk mitseler Kategory:Nederlânsk byldhouwer Kategory:Nederlânsk mitseler Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn de 17e iuw Kategory:Persoan stoarn yn 1765