Thomas Peters (Ljouwert, 6 april 1745 - Arnhim, 26 maart 1857) jildt as de earste persoan op de wrâld dy't âlder as 110 jier âld wurden is, hoewol't dy kleem net hielendal frij fan diskusje is. Yn De Navorscher fan 1864 wurdt skreaun: "In 1857 overleed te Arnhem zekere THOMAS PETERS, gelijk men zeide, 112 a 113 jaren oud. Op 42jarigen leeftijd was hij soldaat geworden, doch wist niet op te geven wat er vroeger met hem was voorgevallen. Schrijver dezes heeft in der tijd in een onzer dagbladen een artikel ingezonden met de vraag, welk wettig bewijs er bestond dat de te Arnhem overleden persoon dezelfde was als THOMAS PETERS, die den 6den april 1745 te Leeuwarden was geboren. - Die vraag is onbeantwoord gebleven."
Hoewol't hy 11 dagen foar syn kenlik 112de jierdei ferstoar, fermeldet syn ferstjerrensakte mei ekstra moai skreaune letters, "(in den ouderdom van) 'Honderd en twaalf Jaren'".
Peters wie troud mei Theodora Reijnen, dy't ferstoar op 28 septimber 1849 yn Arnhim ferstoar doe't se 87 jier wie.
Kategory:Frysk soldaat Kategory:Aldste persoan fan Fryslân Kategory:Nederlânsk soldaat Kategory:Aldste persoan fan Nederlân Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1745 Kategory:Persoan stoarn yn 1857