Kor Onclin (Ljouwert, 4 desimber 1918 – Twello, 7 maart 2003) wie in Nederlânske keunstskilder yn de moderne keunst, út de twadde helte fan de tweintichste iuw. Syn styl is ekspresjonistysk en besibbe oan Cobra.
Biografy Kor Onclin waard berne yn Ljouwert. Syn mem hearde ta de feministes fan it earste oere. Syn heit wie binnenhûsdekorateur en musikus. Onclin folge in keunstoplieding oan de foarrinder fan de Akademy Vredeman de Vries yn Ljouwert.
Syn wurk waard koart foar de Twadde Wrâldoarloch eksposearre by Keunsthannel de Boer. Nei de Twadde Wrâldoarloch studearre Onclin ortopedagogyk en psychology. Oant 1978 wurke er yn De Haach as psychoterapeut en dosint op de Sosjale Akademy. Yn de jierren 70 eksposearre er yn ferskate galerys yn Nederlân.
Yn 1978 sette Onclin op Frankryk ta (Privas, Ardèche), om him folslein oan it skilderjen wije te kinnen. Nei 1981 eksposearre er benammen yn Frankryk. Syn wurk waard meardere kearen ûnderskiede. Sûnt midden jierren 80 eksposearre hy wer yn Nederlân.
Eksposysjes nei 2000 2010: Museum Martena - Frjentsjer 2008: L'Echo du Passé Présent, Château de La Voûlte - Ardèche/Frankryk 2007: Kor Onclin, Galery BAS - Snits 2006: Gemeente Voorst, Gemeentehûs Twello 2005: Galery Aquarius Art - Klarenbeek 2003: hommage-tentoanstelling Kor Onclin, It Frysk Skildershûs - Ljouwert 2002: hommage-eksposysje Galery Vlasblom - Arnhim 2002: hommage-eksposysje Galery Espace Envol - Privas/Ardèche, Frankryk 2001: oersjochstentoanstelling Gerjochtsgebou Rotterdam 2001: Galery Vlasblom - Arnhim 2001: invité d'honneur 59e Salon d'Automne - Privas 2001: eksposysje 'Village-Café' - Flaviac/Ardèche 2001: invité d'honneur Exposition Internationale d'Art Abstrait 'Métamorphose'- Château de la Voûlte/Ardèche 2000: 'Leeuwarden in Perspectief' - Simmer 2000; eksposysje Fryske Akademy - Ljouwert
Prizen Arles 1983, Grand Prix International Aix-en-Provence 1983, 1er prix Fantastique Avignon 1984, Prix Visages du XXieme Siècle (keunsttydskrift) Barcelona (Spanje) 1984, 1er Prix Abstrait Aix-en-Provence 1984, Prix la Côte des Arts (keunsttydskrift)
Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1918 Kategory:Persoan stoarn yn 2003