Mozes (Maurits) Troostwijk (Ljouwert, 10 maart 1914 - Driebergen, 8 febrewaris 1991) wie in Nederlânske jurist en politikus.
Karriêre Troostwijk waard berne yn Ljouwert as soan fan in Joadske antikêr. Hy gie nei de hbs en wurke fan 1931 ôf as klerk by de gemeente Menameradiel en fan 1933 - 1935 yn Ljouwert. Hy helle yn 1934 it diploma gemeenteadministraasje en die in jier letter it steatseksamen oan it gymnasium. Fan 1935 oant 1940 studearre hy rjochten oan de Ryksuniversiteit Grins. Hy wie lid fan de Frijsinnich-Demokratyske Jongerenorganisaasje (V.D.J.O.), dêr't hy lokaal en lanlik aktyf foar wie.
Oan it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch wie hy adjunkt-kommys op de siktary fan de gemeente It Hearrenfean. Hy wie dêrneist sekretaris fan de Joadske Ried yn Ljouwert (1941-1943). Hy waard troch de besetter ûntslein by de gemeente. Yn 1943 dûkte hy ûnder yn Donkerbroek. Ferskate famyljeleden, wêrûnder syn heit en healsuster, waarden yn de konsintraasjekampen ombrocht. Nei de oarloch waard Troostwijk haad fan de politike opspoaringstsjinst yn Fryslân, oant hy ein 1945 nei Almelo gie. Hy waard haad algemiene saken op it gemeentehûs en pakte dêrneist syn stúdzje wer op. Yn 1947 promovearre hy op syn proefskrift Gemeentelijk strafrecht.Hillenius, D. (2002) "Prof.dr. M. Troostwijk (1914-1991). een man van de gemeenten", yn: Verhalen. 150 jaar De Gemeentestem, 79. Alphen aan den Rijn.
Yn 1948 waard dr. Troostwijk gemeentesekretaris fan Grins, in funksje dy't hy oant 1964 ferfolde. Hy wie dêrneist lid fan de Earste Keamer fan de Steaten-Generaal (1962-1975) en fan de Provinsjale Steaten fan Grinslân (1962-1970). Yn de Keamer wie hy ûnder mear ficefraksjefoarsitter fan de Partij fan de Arbeid (1970-1975).Parlement & Politiek: Dr. M. Troostwijk Yn 1964 waard hy beneamd ta heechlearaar oan de Grinzer Universiteit. Yn 1971 ruile hy it heechlearaarskip foar it amt fan boargemaster fan Amersfoort. Fjouwer jier letter ferliet hy de gemeentepolityk foar syn beneaming ta lid fan de Ried fan Steat. Hy waard yn 1982 foarsitter fan de ôfdieling rjochtspraak fan de Ried. Yn 1984 waard hy santich jier, wat betsjutte dat hy syn funksje by de Ried fan Steat dellizze moast.Mr. Troostwijk gaat weg als hoogste Arob-rechter yn Leeuwarder Courant, 7 maart 1984 Troostwijk ferstoar doe't er 76 jier âld wie.
Troostwijk waard meardere kearen ûnderskieden, hy waard beneamd ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw (1972), Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau (1982) en Grutoffisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau (1984).
Kategory:Frysk abbekaat Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk politikus Kategory:Frysk sosjalist Kategory:Frysk rjochtsgelearde Kategory:Frysk heechlearaar Kategory:Nederlânsk abbekaat Kategory:Nederlânsk amtner Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:PvdA-politikus Kategory:Nederlânsk boargemaster Kategory:Nederlânsk provinsjaal politikus Kategory:Earste Keamerlid Kategory:Lid fan de Ried fan Steat Kategory:Nederlânsk rjochtsgelearde Kategory:Nederlânsk heechlearaar Kategory:Nederlânsk sosjalist Kategory:Underdûker yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Frysk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau Kategory:Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau Kategory:Grutofsier yn de Oarder fan Oranje-Nassau Kategory:Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw Kategory:Persoan berne yn 1914 Kategory:Persoan stoarn yn 1991