Norderfriedrichskoog (Noardfrysk: Nuurderfriedrichskuuch; Deensk: Nørre Frederikskog) is in plak en gemeente yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein yn 'e kreis Noard-Fryslân. De gemeente heart by it amt Eiderstedt en hat 45 ynwenners (2024).
Skiednis Norderfriedrichskoog is in polder (koog → keech) dy't yn 1696 yndike waard en nei kening Freark IV fan Denemark ferneamd waard. Yn 1906 waard in simmerdyk boud foar it nije bûtendykske lân, dy't yn 1969 fierder befeilige waard.
Bestjoer Mei minder as 70 ynwenners hat de gemeente neffens paragraaf 54 fan 'e Sleeswyk-Holsteinske gemeentewet gjin gemeenteried, mar in gemeentegearkomste dêr't alle stimberjochtige ynwenners oan meidwaan kinne.
Kategory:Eiderstedt Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein