Blohm & Voss BV 141 275px Rol Ferkenningsfleanmasine, lichte bommesiter Makker Blohm & Voss Untwerper Richard Vogt Earste flecht 25 febrewaris 1938 Yn tsjinst 1938 Tal makke 38 Brûker Luftwaffe

De Blohm & Voss BV 141 wie in Dútsk ferkenningsfleanmasine út de Twadde Wrâldkriich, makke troch de Dútske fleanmasinefabryk Blohm & Voss.

It fleantúch falt bot op troch syn asymmetryske foarm mei de observaasjekabine njonken de motor. De kabine hie grutte pleksyglêzen ruten en allinne oan bakboard siet in sturtwjuk.

De Bv 141 syn earste flecht wie 25 febrewaris 1938. Hoewol't it tastel goed prestearre, waard it nea grutskalich makke. Dat hie te krijen mei it net ta foldwaan hawwen fan de foarkarmotor en de konkurrinsje fan in oar ferkenningsfleantúch, de Focke Wulf Fw 189. Der binne totaal mar 38 fan makke; der is net ien fan oerbleaun.

Technyske feiten (BV 141 B)

Bemanning: 3 Lingte: 13,95 m Spanwiidte: 17,46 m Hichte: 3,60 m Fleugeloerflak: 53 m² Leechgewicht: 4700 kg Startgewicht: 5700 kg Oandriuwing: 1 x BMW 801 fan 1560 hk Grutste faasje: 438 km/o op 3.500 m Fleanberik: 1900 km Tsjinstplafond: 10.000 m Klimfaasje: 570 m/min Bewapening: 2 x MG 17-masinegewearen + 2 x MG 15; 4 x 50 kg bommen ûnder de fleugels

Keppeling om utens

Blohm&Voss BV 141, Bv 141 yn it Luftfahrtarchiv Blohm & Voss BV 141

Kategory:Dútske ferkenningsfleanmasine Kategory:Dútske fleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Dútske bommesmiter Kategory:Yntroduksje út 1938