Ockholm (Noardfrysk:E Hoolme; Deensk: Okholm) is in plak yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein yn 'e kreis Noard-Fryslân. Okholm heart by it amt Mittleres Nordfriesland en hat 335 ynwenners (2024).
Skiednis Ockholm hearde eartiids by in grutter gebiet mei ferskate tsjerkedoarpen dat bûtendyksk lei en dat mei de Sint-Marsellusfloed fan 1362 ferdronk. Allinnich it doarp Ockholm bleau neitiid as in hallig bestean.
De plaknamme wurdt foar it earst yn skriftlike boarnen yn it ynkomsteboek út 1462 fan 'e biskop fan Sleeswyk neamd as in doarp dat út 16 terpen bestie. Yn 1515 waard it lân om it plak hinne yndike en ferbûn mei it fêstelân.
Yn 1579 lieten keaplju út Flensburch in haven by Ockholm oanlizze om't it har net tastean waard de haven fan Husum te brûken. De ferwachtings fan dy nije haven kamen lykwols net út en it konflikt mei Husum waard in pear jier nei de bou al wer bylein. By folgjende oerstreamingen waard ek de haven ferneatige. thumb|left|Tsjerke fan Ockholm. By de grutte oerstreaming fan 1634 (de Burchardifloed) brieken de diken op 'e nij en naam it wetter it nij oanmakke lân yn ien nacht tiid wer yn besit. Likernôch 400 minsken ferdronken yn 'e see en de tsjerke yn 'e polder fan Ockholm waard dêrby folslein ferneatige. Yn 1639 waarden de diken ûnder de Deenske kening Kristiaan IV wer opknapt. Yn 1647 waard ek in nije tsjerke boud.
Om it gebiet te ûntwetterjen waard yn 1735 it Bongsieler Kanaal (Bongsieler Kanal, eartiids: Kongecanal) oanlein. It kanaal ûntwetteret hjoed-de-dei in gebiet fan goed 72.000 hektare.
Yn 1766 berôpen de Flensburchske keaplju harren lykwols op 'e nij op it rjocht op in eigen haven en lieten se wer in nije haven grave by Bongsiel. De nij ynrjochte haven Schlüttsiel, oan 'e râne fan d'e Hauke-Haien-polder (Hauke-Haien-Koog), naam letter de ûntwetteringsfunksje yn 'e Noardsee oer fan Bongsiel. Yn Schlüttsiel waard ek in fearehaven ynrjochte. Fan dêrút binne der hjoed-de-dei fearferbinings mei de halligen Hooge en Langeneß.
Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein