Norstedt (Noardfrysk:Noorst; Deensk: Nordsted) is in plak yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente makket diel út fan it amt Viöl en hat 380 ynwenners.
Skiednis It plak waard yn 1452 foar it earst as Nordstede neamd. It gemeentegebiet wurdt lykwols al folle earder bewenne. Dêrfan tsjûgje de saneame Söbenbargen, de sân bulten. Dat binne grêfheuvels út de jonge stientiid. Se binne ek hoed-de-dei noch yn it lânskip te sjen, mar it is mar in diel fan mear grêfheuvels.
Norstedt hie yn 'e 17e iuw in soad strideraasjes mei it oanbuorjende plak Spinkebüll, ek al hearden se alletwa ta it domkapittel Sleeswyk. Spinkebüll waard yn 1934 by de gemeente Nordstedt foege.
Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1934