thumb|225px|Henri Polak, skildere troch Johan van Caspel (1912) Henri Polak (Amsterdam, 22 febrewaris 1868 – Laren, 18 febrewaris 1943) wie in Nederlânsk fakbûnsbestjoerder en politikus.
Biografy Henri Polak wie in soan fan Moses Polak en Marianna Smit. Op 9 augustus 1888 boaske er Emily Nijkerk (1868-1943). Hy wie leauwich joadsk.
Polak waard ferneamd as oprjochter (1894) en foarsitter (1894-1940) fan it Algemiene Nederlânske Diamantbewurkers Bûn en fierders troch syn krewearjen foar de oprjochting fan it NVV (yn 1905 in feit) dêr't er oant 1908 de earste foarsitter fan wie.
As mei-oprjochter fan de SDAP ferfolde Polak ek foar dy partij de nedige funksjes. Hy wie gemeenteriedslid yn de gemeente Amsterdam en dêrnei yn Laren, sie in pear moanne yn de Twadde Keamer en dêrnei jierrenlang yn de Earste Keamer.
Hy ferstoar doe't er benei 75 jier wie, yn it sikehûs oan in longûntstekking.
Kategory:Nederlânsk fakbûnslieder Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:SDAP-politikus Kategory:Earste Keamerlid Kategory:Twadde Keamerlid Kategory:Nederlânsk sosjalist Kategory:Nederlânsk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Poalsk-Joadsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1868 Kategory:Persoan stoarn yn 1943