thumb|260px|Kaart fan Marokko Agadir (Arabysk: أكادير Aġadīr of Agadīr, Berbersk (Tamazight): ⴰⴳⴰⴷⵉⵔ) is in havenstêd oan de westkust fan Marokko, en is it grutste baaiplak fan dit lân. De stêd leit yn de prefektuer Agadir-Ida ou Tanane, dat in ûnderdiel is fan de regio Souss-Massa-Daraâ. Agadir hie 678.596 ynwenners (2004). It is de grutste meast Berbertalige stêd fan Marokko.
De stêd leit tsien kilometer benoarden de mûning fan Wadi Sous. Hy is yn 1505 troch de Portegezen stifte en kaam yn 1541 oan de kening fan de Sous. Yn de iuwen dêrnei waard Agadir in grutte haven yn it fruchtbere Sous-gebiet yn Marokko. In wichtich eksportprodukt fan de regio wie sûker. Agadir waard yn 1605 foar it earst troch Nederlânske hannelsfarders oandien; it fjouwerhûndertjierrich bestean fan de hannelsrelaasje tusken Nederlân en Marokko yn it jier 2005 foarme de oanlieding ta in tal eksposysjes yn Nederlân.
Yn 1960 waard de âlde stêd hast hielendal ferwoaste troch twa ierdskoddings en de neifolgjende brânen en floedweagen. Der foelen 15.000 deaden.
It wurd Agadir betsjut yn it Berbersk 'muorre, mitsele muorre om in stêd, festing, stêd';E.J. Brill's First Encyclopaedia of Islam, 1913-1936 (Brill, 1987), s. 179 In agadir is winliken in bysûndere foarm fan de kasba. Agadir is in lienwurd út it Fenisysk.Jabal al-Lughat.
Skiednis Iere skiednis Yn de 16e iuw stiften de Portegezen it stedsje Santa Cruz do Cabo de Gué. It waard bestjoerd troch in gûverneur, oant it yn 1541 yn hannen kaam fan de Wattasiden. Dy hearskers bouden yn 1572 in fort op in heuvel mei útsjoch oer de baai dêr't de stêd oan lei: de Kasba fan Agadir.
Krisis fan Agadir Agadir spile in grutte rol by de Twadde Marokkaanske Krisis, omdat Dútslân de kanonnearboat Panther nei de haven fan Agadir stjoerde as reaksje op Frânske bemuoienissen yn de regio. Eskalaasje fan dat konflikt waard foarkomd troch it sluten fan it Ferdrach fan Fez.
Ierdbeving fan 1960 Op 29 febrewaris 1960, tweintich minuten foar tolwen nachts, waard Agadir troffen troch in middelswiere ierdbeving. Hoewol't de ierdbeving mei in krêft fan 5,8 op de Skaal fan Richter net sa swier wie, wie de skea wol grut. De destiidsjke stêd waard hielendal ferwoastge en tenminsten 15000 minsken kamen om.Ierdbeving Agadir op website USGS, besocht 23 septimber 2008BBC website On this day oer ierdbeving fan 29 febrewaris 1960, besocht 23 septimber 2008
Troch de ierdbeving en de dêrtroch ûntstiene brânen, wie de heule stêd ferwoaste. Mar trije gebouwen bleaune sparre: de moskee, in bioskoop en de fersterke kasba boppe-op de heuvel. Boppe de yngong fan de kasba stiet noch altiten it opskrift yn wyt moarmer: "Vreest God - ende Eert den Kooning - 1746". detail fan de poarte, foto machiavelliBE fia Flickr
De stêd waard wat besuden de oarspronklike lokaasje werboud.Ynfo programma Andere Tijden fan 18 oktober 2005 oer de ierdbeving Agadir, besocht 22 july 2008
Ekonomy thumb|250px|Sicht op it strân fan Agadir Troch it klimaat en lizzing oan see is Agadir in populêre fakânsjebestimming. Oan de baai leit in breed sânstrân en steane in soad hotels, winkeltsjes en horeka-saken. Dit diel foarmet it toeristesintrum fan Agadir, en foarmet in grutte ynkomstenboarne foar de regio. Ungefear 25 km fan it stedssintrum ôf leit de ynternasjonale lofthaven Al Massira Airport. Dêrneist binne der havens (hannel, fiskerij en jachthavens) en in grut netwurk fan ferhurde wegen mei in totale lingte fan hast 1200 km. De regio hat ± 2,1 miljoen ynwenners en genereart mei 27 miljard dirham ± 8% fan it bruto nasjonaal produkt.Gegevens ûntliend oan website KvK Agadir, besocht 23 septimber 2008
De Keamer fan Keaphannel fan Agadir ûnderskiedet in oantal regio's om Agadir: Grut Agadir: Agadir-Ida ou Tanane, Inezgane-Aït Melloul Chtouka Ait Baha Tiznit Taroudant
De wichtichste ekonomyske sektoaren binne:
Toerisme De direkte ynkomsten út it toerisme bedrage ± 2000 M Dh yn Grut Agadir, en yn de direkte omjouwing 1220 M Dh. Agadir hat mear as 100 hotels mei 20.000 bêden. Yn 2003 wienen dy goed foar 3 miljoen oernachtings troch 500.000 besikers.
Yndustry Grut Agadir hat fiif bedriuwsterreinen foar de agro- of fiedingsmiddelsyndustry en trije algemiene terreinen. De sektor jout wurk oan ± 15.000 minsken en draacht ± 2300 M Dh by oan de regionale ekonomy.
Hannel en tsjinsten Gruthannel én detailhandel binne grutte ynkomstenboarnen foar Agadir en har direkte omgeving, mei in omfang fan ± 4000 MDh yn Grut Agadir en noch ris 12640 MDh yn de direkte omjouwing.
Fiskerij Troch de oanwêzichheid fan de haven foarmet de fiskerij in wichtige ynkomstenboarne foar de omjouwing. Ungefear 2% fan de totale wurkgelegenheid yn de regio komt út de fiskerij, wat delkomt op ûngefear 15.000 arbeidsplakken. De sektor jout ± 1790 M Dh oan ynkomsten. Der binne 370 skippen registrearre foar de kustfeart en 240 trawlers foar fiskerij op iepen see.
Lânbou en feehâlderij Yn Grut Agadir sels is net folle lânbou of feehâlderij, mar yn de direkte omjouwing is it in wichtige ekonomyske faktor dy't wurk jout oan 150.000 minsken en dêr't 4710 M Dh yn omgiet. Yn de direkte omjouwing fan Agadir leit ûngefear 560.700 hektare lânbougrûn wêrfan 190.000 befloeid. De regio produsearret 666.000 ton sitrusfruchten yn it jier.
Kategory:Plak yn Marokko Kategory:Plak stifte yn 1505