Desmond Mpilo Tutu (Klerksdorp (Transvaal), 7 oktober 1931 - Kaapstêd, 26 desimber 2021) is in Súdafrikaansk anglikaansk geastlike.
Hy wie de earste swarte aartsbiskop fan de Anglikaanske Tsjerke yn Kaapstêd en folge Philip Russell op. Hy krige foar syn ynspanningen yn de striid tsjin de apartheid op 16 oktober 1984 de Nobelpriis foar de Frede, en yn 2005 krige hy in earedoktoraat fan de Universiteit Gint.
Tutu wie foarsitter fan de Wierheids- en Fersoeningskommisje, dy't nei de fal fan it apartheidsrezjym dernei stribbe de ferskillende befolkingsgroepen yn frede mei elkoar libje te litten. In bekend sitaat fan him is: "Better as gerjochtichheid yn de foarm fan ferjilding is gerjochtichheid dy't ta fersoening liedet".
Nei de apartheid hold de status as homorjochtenaktivist Tutu mear yn it nijs as hokker oare kwestje ek wêrmei't de Anglikaanske Tsjerke te krijen hie. Syn opfettingen wiene oer it algemien troch syn taspraken en preken bekend. Tutu stelde diskriminaasje fan homoseksuëlen lyk oan diskriminaasje fan swarte minsken en sei dat er him skamme in Anglikaan te wêzen doe't de 13e Lambeth-konferinsje fan 1998 him op 'e nij fersette tsjin seksuële hannelingen tusken minsken fan itselde geslacht. Hy bekritisearre Rowan Williams, aartsbiskop fan Canterbury, dat er de konservative Anglikanen tefolle yn 'e mjitte kaam, dy't de Noardamerikaanske tsjerken út de Anglikaanske mienskip ferdriuwe woene om't hja harren foar de rjochten fan homo's útsprieken. Yn 2007 beskuldige Tutu de Anglikaanske Tsjerke fan in obsessy foar homoseksualiteit en ferklearre: "As God, lykas hja sizze, homofoob is, dan soe ik dy God net oanbidde".
Tutu hat ek de minskenrjochtenskeiningen yn Simbabwe bekritisearre en hat Simbabwaanske presidint Robert Mugabe in karikatuer fan in Afrikaanske diktator neamd. Ek hat hy it belied fan stille diplomasy fan de Súd-Afrikaanske regearing yn dizze kwestje bekritisearre. Hy is drager fan de Oarder fan Fertsjinste fan Súd-Afrika.
Njongonkulu Ndungane folge Desmond Tutu yn 2006 op as aartsbiskop fan Kaapstêd en metropolyt fan 'e Anglikaanske Tsjerke fan Súd-Afrika.
Desmond Tutu protestearre yn 2008 yn San Francisco tsjin de ûnderdrukking fan Tibet. Ek rôp er lannen op ta in boycot fan 'e Olympyske Simmerspullen dat jier yn Peking. Tutu noege de 14e Dalai Lama út om syn 80e jierdei mei te fieren yn oktober 2011. It Súdafrikaanske ferliende de Dalai Lama lykwols gjin tagong, nei alle gedachten om Sina net te misledigjen.
Yn 2010 stiel hy de show by it iepeningskonscert fan it WK 2010 yn Súd-Afrika.
Yn septimber 2010 ferskynde der by Utjouwerij Benjamin de bernebibel Kinderen van God fan Desmond Tutu. Meiwurking waard ûnder oare ferliend troch de Nederlânske yllustrator Marijke ten Cate. Dy bernebibel ferskynde yn 14 talen - mei in earste oplage fan 150.000 eksimplaren.
Prizen/ûnderskiedingen 16 oktober 1984: de Nobelpriis foar de Frede 2005: in earedoktoraat fan de Universiteit Gint. 2006: de Light of Truth Award Yn augustus 2009 krige hy fan presidint Barack Obama de Presidential Medal of Freedom.
Kategory:Súdafrikaansk predikant Kategory:Súdafrikaansk aartsbiskop Kategory:Anglikaansk aartsbiskop Kategory:Súdafrikaansk minskerjochte-aktivist Kategory:Súdafrikaansk polityk aktivist Kategory:Súdafrikaansk sosjaal aktivist Kategory:Homorjochte-aktivist Kategory:Súdafrikaansk miljeu-aktivist Kategory:Súdafrikaansk feminist Kategory:Súdafrikaansk publisist Kategory:Súdafrikaansk polityk skriuwer Kategory:Winner fan de Nobelpriis foar de Frede Kategory:Winner fan de Presidinsjele Frijheidsmedalje Kategory:Súdafrikaansk revolúsjonêr Kategory:Persoan fan Kosa-komôf Kategory:Persoan fan Tswana-komôf Kategory:Persoan fan Súdlik Soto-komôf Kategory:Apartheid Kategory:Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau Kategory:Persoan berne yn 1931 Kategory:Persoan stoarn yn 2021