thumb|Suze Groeneweg Suzanna (Suze) Groeneweg (Strijensas, 4 maart 1875 - Barendrecht, 19 oktober 1940) wie in Nederlânsk politika. Sy wie it earste froulike Twadde Keamerlid yn Nederlân.
Suzanna Groeneweg wie in fûl pleitbesoarchster fan folksûnderwiis. Sels wie se ûnderwizeresse yn Rotterdam. Sy gou as feministe, mar wie tsjinstanner fan aparte frouljusorganisaasjes.
Groeneweg wie bestjoerslid fan de SDAP doe't by de grûnwet yn 1917 fannijs besjoen waard; neist it algemien kiesrjocht foar manlju waard doe ek it passyf frouljuskiesrjocht ynfierd. Doe't yn 1918 de earste ferkiezingen ûnder it nije systeem hâlden waarden, wie Groeneweg gadingmakker en waard sy ek keazen. Sy hie in sit yn it parlemint oant 1937.
Njonken Kamerlid wie hja ek Steatenlid en lid fan de gemeenteried fan Rotterdam. Sy wie in fûl sosjaliste, neffens boargemaster P.J. Oud gjin 'katsje om sûnder wanten oan te pakken'. Sy wie warber yn de drankbestriding, wie pasifiste en antymilitariste.
Bibliografy 192? - Drankbestrijding als moederschapszorg. Utert, Nederlandse Vereniging tot Afschaffing van Alcoholhoudende Dranken (Digitale ferzje) 192? - Vakbeweging en geheelonthouding. Utert, Nederlandse Vereniging tot Afschaffing van Alcoholhoudende Dranken (Digitale ferzje) 1922 - Het moederschap in eere! Een pleidooi voor moederschapszorg. Amsterdam, "Ontwikkeling". 2e hielendal omwurke printinge (Digitale ferzje) 1927 - Onze plicht en onze vreugde. Amsterdam, Ontwikkeling (Digitale ferzje) 1929 - Een eereschuld aan de moeders. Kamerrede gehouden op 14 maart 1929. Amsterdam, Ontwikkeling (Digitale ferzje) om 1930 hinne - Doorzetten tot het eind. Drie radio-voordrachten over plaatselijke keuze troch C. Smeenk, Suze Groeneweg en P. van der Meulen. Utrecht, Nederlandse Vereniging tot Afschaffing van Alcoholhoudende Dranken (Digitale ferzje) om 1933 hinne - Al geesteslicht, al wetensmacht!. Amsterdam, S.D.A.P (Digitale ferzje)
Underskieding Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw (30 augustus 1937)
Keppeling om utens Groeneweg, Suzanna, Biografysk Wurdboek fan it Sosjalisme en de Arbeidersbeweging yn Nederlân
Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:SDAP-politikus Kategory:Gemeenteriedslid fan Rotterdam Kategory:Nederlânsk provinsjaal politikus Kategory:Twadde Keamerlid Kategory:Nederlânsk sosjaal aktivist Kategory:Frouljusrjochte-aktivist Kategory:Nederlânsk sosjalist Kategory:Nederlânsk feminist Kategory:Nederlânsk pasifist Kategory:Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw Kategory:Persoan berne yn 1875 Kategory:Persoan stoarn yn 1940