Hull, offisjeel Kingston upon Hull, is in Britske havenstêd op de noardouwer fan de rivier de Humber en oan beide siden fan de rivier de Hull, dy't yn de Humber mûnet. De stêd (city) wurdt omjûn troch de East Riding of Yorkshire, mar hat selsstannich lokaal bestjoer. De gemeenteried (council) wurdt tsjintwurdich Hull City Council neamd.

Troch syn lizzing oan de mûning fan de Humber en de tagong ta de Noardsee hat Hull in drokke haven mei bulkferfier. Ek is der in deistige feartsjinst op Rotterdam (Europoarte) en op Zeebrugge). thumb|left|Lizzing yn Ingelân thumb|left|Humber Bridge, súdkant

Berne yn Hull Amy Johnson (1903-1941), langeôfstânrekordfleander Geoffrey Dummer (1909-2002), elektrotechnikus Phillip Goodhand-Tait (1945), sjonger-songwriter, produsint en keyboardspiler Rob McDonald (22 jannewaris 1959), fuotballer en trener Jordan Metcalfe (24 maaie 1986), akteur

Kategory:Plak yn Ingelân Kategory:Plak stifte yn de 12e iuw