thumb|Komfoar T.A. Keikes Frysk Skipfeart Museumn Tjeerd Annes Keikes (It Hearrenfean, 9 jannewaris 1804 - Ljouwert, 5 febrewaris 1886) wie in Nederlânsk sulversmid en medaljeur. Rijksbureau voor Kunsthistorische Documentatie

Keikes wie fan sa. 1830 ôf selsstannich sulversmid yn Ljouwert. Hy makke in soad wurk fanwege it Frysk patrysjaat, mar ek it Nederlânske en Frânske hof hearden ta syn klanten.

Yn 1852 waarden yn Nederlân de ûnderskiedingstekens foar in boargemaster by Keninklik Beslút fêststeld, mei de regels foar it dragen fan in amtskeatling. De Fryske kommissaris fan de kening Van Panhuys, riede de gemeentebestjoeren oan harren amtsketeatling meitsje te litten troch Keikes. Hy makke de keatlings foar ûnder oaren Ljouwert, Dokkum, Baarderadiel en Westdongeradiel.De ambtsketen van de burgemeester

It Frysk Skipfeart Museum hat ûnder oaren in troch Keikes makke sulveren komfoar (1853)T.A. Keikes, Leeuwarden - zilveren aansteekcomfoor en in betinkingsmedalje fan Wiardus Willem Buma (1868).Zilveren gedenkpenning op het 45-jarig huwelijk van W.W. Buma en M. de With

Keikes waard yn 1873 troch kening Willem III ta ridder yn de Oarder fan de Ikekroan beneamd.

Kategory:Frysk medaljeur Kategory:Frysk sulversmid Kategory:Persoan berne op It Hearrenfean Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1804 Kategory:Persoan stoarn yn 1886