Sybrand van Haersma Buma (Ljouwert, 10 novimber 1830 - dêre, 1 desimber 1886) naam de namme Van Haersma Buma oan en waard sa de stamheit fan dat laach. Hy wie in pakesizzer fan Bernhardus Buma en liet him yn 1850 as rjochtestudint ynskriuwe oan 'e Ryksuniversiteit Grins, dêr't er yn 1855 promovearre. Hy wie dêrnei rjochtsgriffier op De Lemmer (1866-1867), Snits (1867-1870) en Ljouwert (1870-1874), doe abbekaat yn Amsterdam en fan 1877 ôf ofsier fan Justysje te Amsterdam en Apeldoarn (1881). Hy troude yn 1867 mei Cornelia Geertruida Maria Scheurleer (1843-1932) fan De Haach. Se krigen ien soan, Bernhardus van Haersma Buma (1875-1960)
Sjoch ek Buma (laach)
Kategory:Frysk abbekaat Kategory:Frysk amtner Kategory:Nederlânsk abbekaat Kategory:Nederlânsk amtner Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1830 Kategory:Persoan stoarn yn 1886