Airspeed Horsa 275px Rol Sweeffleantúch foar troepe- en frachtferfier Makker Airspeed Earste flecht 12 septimber 1941 Yn tsjinst 1941 Ut tsjinst 1945 Tal makke >3.600 Brûkers Army Air Corps, United States Army Air Forces thumb|right|250px|Ynterieur. De houten ôfwurking is goed te sjen. Ek de befêstigingsbouten binne te sjen. It tastel koe nei de lâning maklik út elkoarhelle wurde. thumb|right|250px|Cockpitynterieur. Allinne needsaaklike ynstruminten en in protte pleksyglês foar útsjoch by de lâning thumb|left| 250px| Ut it slepende tastel, in Armstrong Whitworth Albemarle, wei sjoen De Airspeed Horsa wie in sweeffleanmasine dy't yn de Twadde Wrâldkriich ferskate kearen op grutte skaal ynset is by alliearde loftlâningsoperaasjes.
Algemien De Horsa waarden trije ferzjes fan boud; de AS51 Horsa 1, de AS52 en de AS58 Horsa 2.
Der waarden totaal 3.600 - 3.750 stiks fan boud. Dy binne allegear ferlern gien by operaasjes. De yn museums opstelde eksimplaren binne sekuere replika's; de boutekeningen binne nammentlik noch altyd ta foldwaan.
De Horsa waard ynset: yn 1942 by de oanfal fan Britske en Noarske kommando-ienheden op it fabryk foar deuterium te Vemork yn Noarwegen; sjoch Operaasje Freshman yn 1943 by de alliearde oanfal op Sisylje yn 1944 troch Ingelske, Amerikaanske en Frânske ienheden op D-Day yn Normandje yn 1944 troch Ingelske en Poalske ienheden by Operaasje Market Garden yn Nederlân yn 1945 yn Dútslân by it oerstekken fan de Ryn
Feiten Horsa 1 Bemanning: 2 Lading: 25 persoanen mei bewapening en tarissing Lingte: 20,5m Spanwiidte: 27m Draachflak fleugels: 102,5 kante meter Hichte: 6 m Leechgewicht: 3805 kg Maksimaal gewicht:7050 kg Maksimale sleepfaasje: 240 km/o Normale sleepfaasje: 160 km/o Bewapening: gjin
It freem fan in Horsa bestie út 30 aparte dielen dy't foar it grutste part fan hout makke wiene. De firma Airspeed hie dêrfoar in spesjale houtbewurkingsôfdieling yn it wurk. De dielen waarden by ferskate RAF-ûnderhâldswerkplaatsen gearstald ta komplete tastellen, dy't útrisd wienen mei allinne de alderneedsaaklikste ynstruminten. Der waard nammentlik op rekkene dat sa'n tastel mar ienris brûkt wurde soe; it soe by de lâning wol sa skansearre reitsje dat it ôfskreaun wurde koe. De ynstruminten wienen in loftsnelheidsmeter, in sleepkabelyndikator, in hichtemeter en in meter dêr't de hoekeôfwiking t.o.f. de horizon mei ôflêzen wurde koe. Dit lêste ynstrumint wie it wichtichste want it joech de fleander krekt foar de lâning de krekte horizontale wjukyndikaasje, nedich foar in feilige lâning.
De Horsa's waarden flein troch spesjaal oplate fleanders. Dit wienen allegear offisieren en ûnderoffisieren dy't sawol (sweef)fleander as ynfanterist wienen. Allegear hearden sy ta it Army Glider Pilot Regiment.
Keppeling om utens Horsa rekonstruksjeprojekt
Kategory:Britske fleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Britske sweeffleanmasine Kategory:Britske transportfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1941