Hendrik Jan (Henk Jan) Held (Renswâld, 12 novimber 1967) is in eardere Nederlânsk follyballer, tsjintwurdich is er ek follybaltrainer. Sûnt 22 maart 2011 is Henk-Jan Held assistint-trainer fan de manljusploech fan Nederlân.
Hy beheart ta de gouden generaasje dy't yn 1996 Olympysk kampioen waard yn Atlanta. Henk-Jan Held wie ien fan de spilers dy't meidie oan it Bankrasmodel, dat model brocht de spilers ta twa medaljes op de Olympyske Spullen.
Henk-Jan Held die twaris mei oan de Olympyske Spullen. Yn 1992 waard er by de Simmerspullen yn Barselona mei de Nederlânske ploech twadde efter Brazylje. Fjouwer jier letter wie er lid fan de Nederlânske ploech dat goud ferovere yn Atlanta troch Itaalje yn de finale mei 3-2 te ferslaan. Sûnt 2001 hat Held de Italjaanske nasjonaliteit. Om't Itaalje nea Olympysk goud wûn hat, is Held de ienige Italjaan mei Olympysk goud yn it follybal. Yn totaal hat Henk-Jan Held 375 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech.Ynterlannen oersjoch NeVeBo
Yn maaie 2008 beëinige Held syn karriêre yn de âldens fan 40 jier. Nei syn aktive karriêre besleat er om follybaltrainer te wurden. Sa waard op 22 maart 2011 bekend dat er assistint-trainer wurde soe fan de Nederlânske manljusploech. Hy sil dêrby âld-ploechgenoat Edwin Benne assistearje, dy't Peter Blangé opfolget. As wichtichste doelstelling hat it twatal it heljen fan de Olympyske Simmerspullen fan 2016 yn Rio de Janeiro. Henk-Jan Held sil sowieso oant 2012 de rjochterhân wêze fan Edwin Benne."Benne nieuwe coach volleybalmannen", NOS.nl, 22 maart 2011 "Henk Jan Held assistent-coach Oranje volleybalmannen", volleybal.nl, 22 maart 2011
Sjoch ek List fan Nederlânske follyballers
Kategory:Nederlânsk follyballer Kategory:Nederlânsk Olympysk kampioen Kategory:Nederlânsk follybaltrainer Kategory:Persoan berne yn 1967