thumb|Willem II mei Auguste Victoria

Friedrich Wilhelm (Willem)Yn âldere Nederlânsktalige – benammen Belgyske – publikaasjes waard de Dútske keizer soms Willem II neamd. Sjoch bygelyks dizze passaazje út it oarlochsdeiboek In Oorlogstijd (1915-1916) fan de Flaamske auteur Stijn Streuvels. Mar ek destiids wie de Dútske namme Wilhelm al wenstiger yn it Nederlânsk, faaks om betizing mei de Nederlânske kening Willem II foar te wêzen. Viktor Albert von Preussen (Potsdam, 27 jannewaris 1859 - Doarn (Nederlân), 4 juny 1941), út it Hûs Hohenzollern, wie fan 1888 - 1918 de lêste kening fan Prusen en de tredde en lêste keizer fan it Dútske Keizerryk. Willem wie de âldste soan fan Frederik III. Nei de dea fan syn heit (keizer Willem I) yn 1888 waard Willem II kening fan Pruisen en keizer fan Dútslân.

Kânselier Yn 1890 ûntsloech Willem II Bismarck, omdat hy syn eigen kânselier wêze woe. Willem II farde in eigen koers, dy't bekend waard ûnder de namme "Neue Kurs", wêryn't lykwols gjin echte line yn te ûntdekken foel. De brek mei Otto von Bismarck late ta in ûnoarderlik belied. Hy samle jaknikkers om him hinne, wêrtroch't hy by styeay wie om fout nei fout te meitsjen. Willem II sei it werfersekeringsferdrach mei Ruslân op, wêrtroch't de relaasje fan Frankryk mei Ruslân ferstevige waard. Hy bersocht de sosjale omstannichheden fan de legere klassen te ferbetterjen, mar wie dêryn net súksesf. Ek joech er de boeren yn Súd-Afrika it idee har ûndersteune te sillen, mar luts dizze steun werom doe't de Boereoarloch útbruts. Ek wie hy troch ûnhandige aksjes mei skuldich oan it útbrekken fan de Earste Wrâldkriich.

Balling yn Nederlân De Dútske Keizer Willem II moast oan de ein fan de Earste Wrâldoarloch, yn 1918, Dútslân ferlitte. Him wie troch ien fan syn generaals de hearigens opsein. By greve Bentinck op it kastiel Amerongen yn Nederlân krige Willem II ynearsten in ûnderkommen. Yn 1920 kocht de eks-keizer yn Nederlân Hûs Doarn oan. Willem II liet yn it hûs frijwat feroarje om it nei syn winsken yn te rjochtsjen. Ek de yngong fan it terrein waard feroare. Oan de eastkant fan it foarplein fan it hûs waard in nij poartegebou setten.

Kastiel Doorn thumb|Willem II mei frou en styfdochter yn Doorn (1931) Doe't eks-keizer Willem II him definityf yn Doarn fêstige hie, liet hy, om it kastiel fierder yn te rjochtsjen, ferskaat guod út Dúslân oerkomme. It wie in fracht fan twaenfyftich spoarweinen, dy't folpakt wiene mei meubels, unifoarmen, jewielen enfh.. Ek syn samlingen wienen dêrby, wêrûnder syn ferneamde kolleksje tabaks- en snúfdoazen. In diel fan de besittings fan de keizer waard yn de Twadde Wrâldkriich nei Berlyn oerbrocht en is dêrnei yn Ruslân bedare, mar wat der noch is, kin hjoeddeisk noch yn Doorn besjoen wurde.

Houliken Op 27 febrewaris 1881 troude hy mei prinsesse Augusta Fiktoaria fan Sleeswyk-Holstein-Sonderburch-Augustenburch (1858-1921), in dochter fan Frederik fan Sleeswijk-Holstein-Sonderburg-Augustenburg. Se krigen sân bern. Hja ferstor al yn 1920, it jier dat Willem II him yn huzinge Doorn ta wenjen sette. Willem II wertroude mei Prinsesse Hermina fan Reusz, dy't him seis jier oerlibbe. De eks-keizer stoar yn 1941 yn Huzinge Doorn. Nei de dea fan Willem II gie prinsesse Hermine nei Dútslân werom dêr't se yn 1947 ferstoar. Bern OfbyldNammeBerneFerstoarnBysûnderheden Kroanprins Wilhelm6 maaie 188220 july 1951Boaske yn 1905 mei Cecilie fan Mecklenburg-Schwerin. 100px Prins Eitel Frederik7 july 18838 desimber 1942Boaske Sophie Charlotte fan Aldenboarch. 100px Prins Adalbert14 july 188422 septimber 1948Boaske Adelheid Arna fan Saksen-Meiningen. 100px Prins August Wilhelm29 jannewaris 188725 maart 1949Boaske Alexandra fan Sleeswijk-Holstein-Sonderburg-Glücksburg. 100px Prins Oscar27 july 188827 jannewaris 1958Boaske grevinne Ina Marie fan Bassewitz-Levetzow. 100px Prins Joachim17 desimber 189018 july 1920Boaske Marie Auguste fan Anhalt. Plege yn 1920 selsmoard. 100px Prinses Victoria Louise13 septimber 189211 desimber 1980Boaske Ernst August fan Breunswyk.

Kategory:Keizer fan Dútslân Kategory:Kening fan Prusen Kategory:Foarst fan Eastfryslân Kategory:Prins fan Oranje Kategory:Greve fan Lingen Kategory:Dútsk balling Kategory:Hûs Hohenzollern Kategory:Dútsk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Dútsk persoan fan Skotsk komôf Kategory:Dútsk persoan fan Russysk komôf Kategory:Ridder Grutkrús yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw Kategory:Skiednis fan Dútslân Kategory:Persoan berne yn 1859 Kategory:Persoan stoarn yn 1941