E.J. (Eric) ter Keurs (Borne, 30 maart 1965Steatefraksjiefoarsitter VVD Eric ter Keurs: "Een zakenkabinet zou logisch zijn", Omrop Fryslân, 2 desimber 2023. ]) is in Nederlânsk politikus fan de VVD."Eric Ter Keurs: Mijn cv was natuurlijk flinterdun", Dagblad van het Noorden, 15 april 2004. Argivearre op 10 novimber 2024.Eric ter Keurs, VVD Fryslân, oproppen op 28 april 2023. Argivearre op 28 april 2023.

Biografy Hy studearre fan 1984 oant 1990 bestjoerswittenskippen oan de Ryksuniversiteit Grins. Yn 2002 waard hy wethâlder fan Slochteren en yn 2004 folge syn beneaming ta boargemaster fan Ljouwerteradiel.

Op 11 febrewaris 2011 waard er ynstallearre as opfolger fan Gerrit Jan Polderman as boargemaster fan Tytsjerksteradiel. Joop Boertjens folge him inkelde wiken letter op as waarnimmend boargemaster yn Ljouwerteradiel.

Op eigen fersykjen hat de Kroan him mei yngong fan 1 septimber 2016 dien jûn omreden it dreech wie it boargermasterskip te dwaan wylst er ek foar syn twa bern soargje moast. Hy waard opfolge troch Wilma Mansveld as waarnimmend boargemaster fan Tytsjerksteradiel. Neitiids wurke er, mei in ûnderbrekking fan goed in jier as wethâlder fan Smellingerlân, by in advysburo. Sûnt augustus 2023 is er ferbûn oan de Thorbecke Akademy yn Ljouwert (NHL Stenden Hogeschool) en oan it Thorbecke Ynstitút Fitaal Bestjoer.Thorbecke Instituut Vitaal Bestuur, NHL Stenden, oproppen op 10 novimber 2024. Argivearre op 10 novimber 2024.

By de Provinsjale Steateferkiezingen 2023 stie Ter Keurs yn Fryslân op it twadde plak fan de VVD. Sûnt 29 maart 2023 is er Steatelid yn Fryslân. Dêrnjonken waard er heechlearaar Nederlânsk rjocht oan Windesheim, bestjoersfoarsitter fan gearwurkingsferbân Súdeast-Fryslân (boppeskoalsk) en lid fan de beswierskriftekommisje fan Staphorst en Meerinzicht.E.J. (Eric) ter Keurs, Provinsje Fryslân, oproppen op 10 novimber 2024. Argivearre op 10 novimber 2024.

Sjoch ek List fan boargemasters fan Ljouwerteradiel List fan boargemasters fan Tytsjerksteradiel

Kategory:Nederlânsk bestjoerskundige Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:VVD-politikus Kategory:Nederlânsk wethâlder Kategory:Nederlânsk liberaal Kategory:Frysk bestjoerskundige Kategory:Frysk politikus Kategory:Frysk liberaal Kategory:Boargemaster fan Ljouwerteradiel Kategory:Boargemaster fan Tytsjerksteradiel Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Twintsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1965