Cees Bijl (Inkhuzen, 27 juny 1955) is in Nederlânske politikus út namme fan de Partij van de Arbeid (PvdA). Sûnt 1 desimber 2021 is er waarnimmend boargemaster fan de gemeente Midden-Drinte.

Libbensrin Cees Bijl studearre fiskaal rjocht oan de Ryksuniversiteit Leien en wurke dêrnei as belestingynspekteur. Hy sette mei syn politike wurkpaad yn 1978 útein as gemeenteriedslid yn Inkhuzen en yn 1982 waard er dêr wethâlder. Yn oktober 1990 waard er boargemaster fan Ljouwerteradiel en yn 1998 waard er beneamd ta boargemaster fan Meppel. Yn 2001 stapte er oer nei Emmen, dêr't er oant 2016 bliuwe soe. Dêr waard er opfolge troch Eric van Oosterhout. Yn maaie dat jiers waard er deputearre fan de provinsje Drinte as opfolger fan Ard van der Tuuk. Op 1 desimber 2021 gie er mei pensioen en dyselde deis noch waard er waarnimmend boargemaster fan Midden-Drinte as opfolger fan Mieke Damsma dy't opstapt hie. Op 19 juny 2024 waard er waarnimmend boargemaster fan Meppel.Cees Bijl waarnemend burgemeester van Meppel, Provinsje Drinte, 28 maaie 2024. Gearchiveerd op 29 mei 2024.

Bijl is ûnder oaren foarsitter fan de ried fan tafersjoch fan stifting ZINN yn Haren, Grins en Hegesân, foarsitter fan de stifting Nazorg Ouwsterhaule, foarsitter fan de ried fan advys fan Peter van Dijk Holding yn Emmen en foarsitter fan de ried fan kommissarissen fan FC Emmen.Burgemeester Cees Bijl, Gemeente Midden-Drinte, oproppen op 6 septimber 2023.

Dêrnjonken is Bijl foarsitter fan de ried fan tafersjoch van de stifting Zorgpartners Friesland (ZPF) en dêrmei foarsitter fan de ried fan kommissarissen fan Medysk Sintrum Ljouwert, Noorderbreedte, Thuiszorg Het Friese Land en Tsjongerskâns.Cees Bijl nieuwe voorzitter Raad van Toezicht Zorgpartners Friesland, MCL, 14 desimber 2022. Fierders is er foarsitter fan Geopark de Hondsrug en de Maatskippij fan Woldiedichheid.Cees Bijl nieuwe bestuursvoorzitter Stichting De Hondsrug UNESCO Global Geopark, Hunebed Nieuwscafé, 7 septimber 2023.Cees Bijl nieuwe voorzitter Maatschappij van Weldadigheid, RTV Drenthe, 4 oktober 2023.

Bijl is boaske en hat fjouwer bern. Hy is Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.Scheidend gedeputeerde Cees Bijl koninklijk onderscheiden, De Wolden Nieuws, 24 novimber 2021.

Nijsgjirrich Cees Bijl die ûnder oare mei oan de tillefyzjekwis De Zwakste Schakel, dêr't er it tsjin acht oare boargemasters opnimme moast.De Zwakste Schakel - Burgemeesters special, RTL Nederlân, 2009

Sjoch ek List fan boargemasters fan Ljouwerteradiel

Kategory:Nederlânsk abbekaat Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:PvdA-politikus Kategory:Nederlânsk gemeenteriedslid Kategory:Nederlânsk wethâlder Kategory:Boargemaster fan Ljouwerteradiel Kategory:Nederlânsk boargemaster Kategory:Nederlânsk sosjalist Kategory:Westfrysk persoan Kategory:Persoan berne yn 1955