Joop Boertjens (Swol, 1948) is in Nederlânsk politikus fan de VVD.
Biografy Boertjens waard berne yn Swolle mar groeide op yn Snits en Langwar. Nei de HBS yn Snits studearre er sosjale geografy oan de Ryksuniversiteit Grins. Dêrnei waard er yn Grins dosint ierdrykskunde; earst op in gymnasium en dêrnei op de hegere lânbouskoalle. Hy hat in pear jier sekretaris west fan de Groninger Maatschappij van Landbouw dy't letter opgie yn it NLTO (Noordelijke land- en Tuinbouw Organisatie) dêr't Boertjens it brocht hat ta sekretaris-ponghâlder.
Oant 2011 wie Joop Boertjens wethâlder yn de gemeente Delfsyl. Dêrfoar wie Boertjens waarnimmend boargemaster fan de gemeente Winsum en deputearre fan de provinsje Grinslân. Op 1 maart 2011 waard er as opfolger fan Eric ter Keurs waarnimmend boargemaster fan de Fryske gemeente Ljouwerteradiel. Doe't dy gemeente op 1 jannewaris 2018 opgie yn de gemeente Ljouwert einige syn boargemasterskip.
Sjoch ek List fan boargemasters fan Ljouwerteradiel
Kategory:Nederlânsk geograaf Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Nederlânsk bestjoerder Kategory:Nederlânsk ûndernimmer Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:VVD-politikus Kategory:Nederlânsk gemeenteriedslid Kategory:Nederlânsk boargemaster Kategory:Nederlânsk provinsjaal politikus Kategory:Nederlânsk liberaal Kategory:Frysk geograaf Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Frysk ûndernimmer Kategory:Frysk politikus Kategory:Frysk liberaal Kategory:Boargemaster fan Ljouwerteradiel Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Sallânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1948