Ton Baas (Midwolda, 31 augustus 1946) is in Nederlânsk politikus fan de VVD.
Karriêre Baas wie manager by de bierbrouwerij Interbrew foar't er yn 1995 lid waard fan de Provinsjale Steaten dêr't er fraksjefoarsitter wie. Yn 2003 waard er deputearre dêr't er de ûnder oare de funksje Miljeu, Provinsjale Wettersteat en Ferkear en Ferfier yn de portefúlje hie. Doe't Sicko Heldoorn yn 2007 fuort gie as boargemaster fan Opsterlân om dy funksje yn Assen te ferfoljen, folge Baas him yn de tiid fan in heal jier op as waarnimmend boargemaster. Inkele moannen letter waard er waarnimmend boargemaster fan Dongeradiel wat er bleau oan jannewaris 2009. Yn maart fan dat jier waard Baas op 'e nij beneamd ta waarnimmend boargemaster, yn Boarnsterhim nei't de boargemaster dêr mei alle wethâlders opstapt wie troch finansjele problemen.
Ton Baas waard op 31 oktober 2014 beneamd ta waarnimmend boargemaster fan Midden-Drinte. Baas folge dêr Jan Broertjes op, dy't net weromkomme woe as boargemaster, nei oanlieding fan in kritysk rapport oer it sosjale belied fan Midden-Drinte. Oant Midden-Drinte gijn nije troch de Kroan beneamde boargemaster hie soe Baas in dy gemeemte bliuwe.
Sûnt 9 maaie 2016 is Baas de earste foarsitter fan de VVD Regio Noard (it oerkoepeljende bestjoer fan de VVD foar Grinslân, Fryslân en Drinte). Yn juny 2018 folge syn beneaming ta waarnimmend boargemaster fan de gemeente Aa en Hunze. Waarnemend burgemeester in Aa en Hunze Nijsberjocht gemeente AA en Hunze d.d. juny 2018 Op 25 april 2019 waard Anno Wietze Hiemstra foardroegen as nije boargemaster fan Aa en Hunze. Nieuwe burgemeester in Aa en Hunze Nijsberjocht Ryksoerheid d.d. 29 maaie 2019 Dy begûn op 12 septimber 2019. Op 9 oktober 2019 einige syn foarsitterskip fan de VVD Regio Noord ek. Ton Baas zwaait af als waarnemend burgemeester Aa en Hunze: 'Ik zou me hier prima thuis kunnen voelen', Dagblad van het Noorden d.d. 11 septimber 2019VVD Regio Noord ter ziele: Drents partijbestuur terug Nijsberjocht RTV Drenthe d.d. 10 oktober 2019
Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:VVD-politikus Kategory:Nederlânsk boargemaster Kategory:Nederlânsk liberaal Kategory:Nederlânsk bestjoerder Kategory:Frysk politikus Kategory:Boargemaster fan Boarnsterhim Kategory:Boargemaster fan Dongeradiel Kategory:Boargemaster fan Opsterlân Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân Kategory:Frysk deputearre Kategory:Frysk liberaal Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1946