De Universiteit fan Oxford is in universiteit yn de Ingelske stêd Oxford dy't mei dy fan Cambridge de ferneamdste en âldste universiteit fan it Feriene Keninkryk en mei dy fan Parys en Bologna ta de earsten fan de wrâld heart. Tegearre wurde se wol oantsjut mei Oxbridge.

De krekte stiftingsdatum is net hielendal wis, mar der binne oanwizings dat dêr al yn de 11e iuw ûnderrjochte waard.A brief history of the UniversityDe earste learaar dêr't wy fan witte is Thibaud d'Etampes, net foar 1116, om't er yn 1114 noch yn Frankryk tahâlde: Gineste, B., "Thibaud d'Étampes", yn Cahiers d'Étampes-Histoire 10 (2009), sdn. 43-58. De universiteit groeide hurd fan 1167 ôf doe't Henry II Ingelske studinten ferbea om oan de Universiteit fan Parys te studearjen.

De universiteit bestiet út 39 colleges en 5 halls, dy’t oant op sekere hichte ûnôfhinklike ienheden binne. Sy binne faak om in plein of gersfjild hinne boud (quadrangle). Dosinten en studinten wenje dêr yntern, benammen bard dat noch yn de gruttere en mear âlde colleges/halls. Studinten ferkeare der meast yn it earste en leste jier fan harren trijejierrige bachelorsoplieding. It ûnderkommen foldocht net yn alle gefallen mear oan de moderne easken fan wenjen. Elts kolleezje is apart stifte troch in rike goeddogger of foarst, in oantal al yn de 13e oant 15e iuw. It meast nije kolleezje fan de universiteit is Green Templeton College dat oprjochte waard by Keninklik Sjarter op 1 oktober 2008 út it byinoar gean fan Green College en Templeton College.Merger to create new Oxford graduate college

De tagongseasken foar in top-universiteit sa as Oxford binne strang; út de grutte bult fan gadingmakkers wurde alinne de bêsten oannaam. Dat feit wurdt wjerspegele yn de kwaliteit fan it ûnderwiis en it ûndersyk en de oardering fan Oxford yn de top 5 fan bêste universiteiten yn de wrâld.Ranking Topuniversiteiten (THES)Ranking neffens Prof. Henry Tulkens fan de UCL Sûnt 1921 hawwe 46 persoanen dy’t yn Oxford studearren in Nobelpriis wûn (earedoktoraten en minsken dy’t earst nei harren Nobelpriis op Oxford kamen net meiteld). It is noch altyd sa dat it grutste part fan Britske top-amtners, diplomaten, ministers en steatssekretarissen fan 'Oxbridge' komt. thumb|300px|Natuerhistoarysk museum fan de universiteit fan Oxford

Kolleezjes fan Oxford thumb|Somerville College thumb|Brasenose College thumb|Worcester College NammeStiftingsjierWebsteeAll Souls College1438WebsideBalliol College1263WebsideBrasenose College1509WebsideChrist Church1546WebsideCorpus Christi College1517WebsideExeter College1314WebsideGreen Templeton College2008, 1974/1965WebsideHarris Manchester College1786, kolleezjestatus 1996WebsideHertford College1282, kolleezjestatus 1740WebsideJesus College1571WebsideKeble College1870WebsideKellogg College1990, kolleezjestatus 1994WebsideLady Margaret Hall1878WebsideLinacre College1962WebsideLincoln College1427WebsideMagdalen College1458WebsideMansfield College1886, kolleezjestatus 1995WebsideMerton College1264WebsideNew College1379WebsideNuffield College1937WebsideOriel College1326WebsidePembroke College1624WebsideReuben College2019WebsideSomerville College1879WebsiteSt Anne's College1878WebsideSt Antony's College1950, Kolleezjestatus 1963WebsideSt Catherine's College1963WebsideSt Cross College1965WebsideSt Edmund Hall1226, kolleezjestatus 1957WebsideSt Hilda's College1893WebsideSt Hugh's College1886WebsideSt John's College1555WebsideSt Peter's College1929WebsideThe Queen's College1341WebsideTrinity College1554WebsideUniversity College1249WebsideWadham College1610WebsideWolfson College1966, kolleezjestatus 1981WebsideWorcester College1714Webside

Bekende Oxforters Skriuwers en dichters Oscar Wilde, J. R. R. Tolkien, T.S. Eliot, Robert Graves, Aldous Huxley, Hilaire Belloc, John Galsworthy, Kingsley Amis, Martin Amis, Zlata Filipović, Harper Lee, Seamus Heaney, Joseph Heller, John Donne, Percy Bysshe Shelley, C. S. Lewis, Evelyn Waugh, John Betjeman, W. H. Auden, Algernon Swinburne, Graham Greene, Christopher Hitchens, George Gordon Byron (Lord Byron), Salman Rushdie, Philip Pullman, Dorothy L. Sayers, Lewis Carroll

Natuerwittenskippers Stephen Hawking, Richard Dawkins, Tim Berners-Lee

Filosofen William von Ockham, Adam Smith, John Locke, Bertrand Russell, John L. Austin, John Searle

Teologen

John Wyclif, Edmund Campion, Cuthbert Mayne, Jean de Menasce, Hieronymus von Prag, John Wesley, John Henry Newman, John Thiessen

Histoarisy

Arnold Toynbee, Edward Gibbon

Politisy

Aung San Suu Kyi, Zulfikar Ali Bhutto, Benazir Bhutto, Bilawal Zardari Bhutto, Herbert Henry Asquith, Christopher Wren, William Ewart Gladstone, Thomas More, Tony Blair, Bill Clinton, Richard von Weizsäcker, Kening Abdullah fann Jordaanje, Clement Attlee, Margaret Thatcher, William Penn, Álvaro Uribe Vélez, David Cameron, James Purnell, Norbert Lammert, Indira Gandhi, Kening Jigme Khesar Namgyel Wangchuck

Oaren Thomas Edward Lawrence – útfiner, skriuwer Rupert Murdoch – ûndernimmer Walter Raleigh – ûntdekkingsreizger Rowan Atkinson – Britsk komyk (Mr. Bean) Hans Bernd von Haeften, Adam von Trott zu Solz – Dútsk fersetstrider yn it Tredde Ryk Sir Peter Torry, earder Britsk ambassadeur yn Berlyn Mirza Nasir Ahmad – De 3e kalyf fan de Ahmadiyya Rosamund Pike – aktrise Konstantinos A. Doxiadis (1913–1975), arsjitekt. Bekend stedsplanner fan Islamabad en Rawalpindi. Peter Ramsbotham, 3e Viscount Soulbury, Britsk ambassadeur Hugh Dancy - Britsk filmakteur en fotomodel

Keppelings om utens De Colleges en Halls Gebrûken en folkloare

Oxford Kategory:Oxford Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1167