De (gewoane) kraanfûgel of kraan (Grus grus) is ien fan de grutste Europeeske fûgels. It is de ienichste soarte fan de famylje fan de kraanfûgels yn Noard- en Midden-Europa.
Foarkommen De kraanfûgel is in 122-122 sm grutte fûgel mei lange poaten en in lange hals. De kop en hals fan de kraanfûgel binne swart mei in reade skedel en wite streken oan de sydkant fan de kop en hals. Hy hat grize fearren, mei opfallende fearren dy't yn in bôge oer de sturt hingje. De spanwiidte fan de wjukken is sa'n 220 sm. Kranen fleane mei útstrekte hals, yn in kloft yn in lange rige of V-formaasje. Fierder falt syn trompet-eftige lúd op.
Fersprieding Yn in skier ferline wie de kraanfûgel in briedfûgel yn Nederlân. Wannear't it lêste pearke yn Nederlân ta in nêst kamen is net bekend, mar healwei de 19e iuw begûn troch it oanmeitsjen fan lân it tradisjonele briedgebiet yn Europa lytser te wurden. Likernôch healwei de 20e iuw briede de fûgel noch yn it noarden fan Dútslân, Noarwegen, Sweden, Finlân en Ruslân. Fieder wiene der noch in pear isolearre populaasjes yn it suden fan Europa. De fûgel bleau lykwols foar ús lân in trekfûgel en striek sa noch wol yn Nederlân del, benammen yn it súdeastlike diel fan it lân, lykas yn de Peel yn East-Brabant.Skiednis Kraanfûgels Nederlân op Kraanvogels.net
Sûnt 2001 briedt de fûgel mei troch ynvestearrings yn wiete heide- en feangebieten en nije natuer wer op 'e nij yn Nederlân. De earste nêsten waarden yn it Fochtelerfean boud en fan dêr út fûn de fûgel oare plakken om te brieden yn û.o. it Dwingelderfjild en letter ek yn Oerisel, Gelderlân, Noard-Brabân en Limboarch. Yn 2019 telde it Fochtelerfean 9 pearkes, mar troch de droechte waarden der mar twa piken grutbrochtHet Fochteloërveen, 08.05.2020.
De fûgels dy't yn de meast westlike gebieten briede oerwinterje meast yn Marokko en op it Ibearysk Skiereilân. De mear eastlike fûgels meast yn East-Afrika yn de sompen by de Nyl.
Fuortplanting
De kranen begjinne yn it foarjier mei in opfallende balts. Sy dûnsje yn rûntsjes wêrby't se mei de wjukken wiidút om inoar hinne springe en se lúd trompetterje. De fûgels meitsje in nêst fan planteresten, leafst yn de sompen sadat it wetter om it nêst hinne leit. It wyfke leit 2 aaien dy't troch beide âlden yn sa'n 29 dagen útbret wurde. It duorret dan noch 9 oant 10 wiken foar de jonge fûgels fleane kinne, mar ek dan bliuwe se noch oant de winter by harren âlden.
Alhoewol't it tal fûgels yn it lân tanimt, binne de briedsúksessen fan de fûgel noch wol in soarch. Njonken droechte, lykas yn de simmer fan 2019, foarmet ek de rekreaasjedruk in bedriging foar it briedsúkses fan de fûgel. Troch't de kranen mei harren piken om te fûrazjearen fan it nêstplak yn it fean nei it omlizzende lânbougebiet rinne en dêrby paden en diken oer moatte, komt it faak foar dat de rêst fersteurd wurdt en/of der piken deariden wurde.
Iten De kraanfûgel is net in sinnige iter, hy mei fan alles. Fan sied en dielen fan planten oant ynsekten en oare lytse dieren.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Gewoane kraanfûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia