De Bismarcksee is in see yn de Grutte Oseaan. De Bismarcksee wurdt yn it suden en westen begrinzge troch Papoea Nij-Guinea en yn it noarden en easten troch de Bismarckarsjipel. Yn it easten wurdt de see ôffrede troch de eilannen Nij-Brittanje en Nij-Ierlân, en yn it noardwesten troch de Admiraliteitseilannen.
Ut de skiednis Yn de Bismarcksee waard ûnder de Twadde Wrâldkriich fan 2 maart oant 4 maart 1943 yn de Slach yn de Bismarcksee de Japanske fleat ferslein.
De see is ferneamd nei de Dútske kanselier Otto von Bismarck. Ein 19e iuw foel de see ûnder it gebiet Dútsk Nij-Guinea, in Dútske koloanje.
Mineralen Resint ûndersyk yn de boaiem fan de Bismarcksee hat grutte mineraalfoarrieden oantoand, sulfiden, koper, sink, sulver en goud. Papoea Nij-Guinea hat de mynrjochten yn dit gebiet. De fynsten binne tige wichtich meidat se ûnder in yn ferhâlding ûndjippe, meast kalme see fûn binne.The Mineral Wealth of the Bismarck Sea, Scientific American Digital
Keppelings om utens Battle of Bismarck Sea Battle of the Bismarck Sea The Battle of the Bismarck Sea
Kategory:Rânesee fan de Grutte Oseaan Kategory:Melaneezje Kategory:See yn Oseaanje Kategory:Wetter yn Papoea Nij-Guineä