thumb|Don Quichot, lykas ôfbylde op in boekyllustraasje út 1863, fan de hân fan Gustave Doré. Don Quichot (Spaansk: Don Quijote) is de haadpersoan yn de troch Miguel de Cervantes skreaune roman El ingenioso hidalgo Don Quixote de la Mancha. De roman bestiet út twa dielen; it earste waard publisearre yn 1605, it twadde yn 1615. It boek wie al by de útjefte in bestseller, omdat it de earste roman wie dy't him ôf doarde te setten tsjin it klassike epos. It wurk waard foar it earst yn it Nederlânsk oersetten troch Lambertus van den Bos yn 1657 ûnder de titel "Den verstandigen vroomen ridder, Don Quichot de la Mancha". Mei 12 gravueres stutsen troch Salomon Savry, wie dit de earste yllustrearre útjefte fan it boek yn de wrâldliteratuer. It boek krige sân kear in werprintinge, en waard twaris in lofdicht makke ta eare fan de oersetting. Cervantes skreau ek in tweintichtal toanielwurken.

It boek is ien fan de earste romans yn in moderne Europeeske taal. It fertelt de komyske reisavontoeren fan in âlde ealman dy't, holpen troch syn feint Sancho Panza, mient dat er in doarmjende ridder is. De haadpersoan, Don Quichot, is it stereotype fan de idealist, in dwaze held dy't him mei syn goede bedoelings, mar ûnpraktyske dieden, min ofte mear belachelik makket.

Keppeling om utens Dossier 400 jier Don Quichotte, Keninklike Bibleteek Informatieve webside foar bern oer it ballet Don Quichot troch It Nasjonale Ballet Don Quichot Librivox audiobook en ebook

Kategory:Fiktyf ridder Kategory:Fiktyf Spaansk persoan Kategory:Spaansktalige literatuer Kategory:Yntroduksje út 1605 Kategory:Fiktyf personaazje yntrodusearre yn de 17e iuw