De Salomonssee is in see oan de râne fan de Grutte Oseaan. De see leit tusken Papoea Nij-Guineä yn it westen en de Salomonseilannen yn it easten. De autonome regio Bougainville, dy't anno 2024 noch ta Papoea Nij-Guineä heart mar nei ferwachting tusken 2025 en 2027 ûnôfhinklik wurde sil, leit ek oan 'e eastkant fan 'e see. Yn it suden grinzget de Salomonssee oan 'e Koraalsee en yn it noardwesten oan 'e Bismarcksee. Yn de Twadde Wrâldkriich waarden der yn 'e Salomonssee ferskate grutte seeslaggen útfochten tusken de Japanners en de Alliëarden.
Keppeling om utens Kaart fan de Salomonssee
Kategory:Rânesee fan de Grutte Oseaan Kategory:Melaneezje Kategory:See yn Oseaanje Kategory:Wetter yn Papoea Nij-Guineä Kategory:Wetter yn de Salomonseilannen