Atze Sytsma (Rie, 1895 - Harns, 1988) wie in timmerman en fioelebouwer.
Atze Sytsma fêstige him yn 1924 yn Harns en waard stedstimmerman/weiwurker by de gemeente, letter útfierder. Uteinlik waard er sjef yn de wurkpleats fan de gemeentewurken. Hy hie in soad belangstelling foar klassike muzyk en hie in fyn ûntwikkele gehoar. Doe't syn dochter Gerry fioelspylje woe, boude hy sels in fioele foar har. Yn in hokje by syn wenning oan de Jacob Backerstrhjitte boude hy hûnderten strykynstruminten dy't oer de heule wrâld ferkocht binne. Yn de tritiger jierren ferskynden yn en bûten Fryslân meardere artikels en ynterviews oer syn wurk. Atze Sytsma lei him ta op it bouwen fan strykynstruminten dy't noch altiten bespile wurde troch amateur- en beropsmuzikanten.
Yn de film 'De keunst fan it fioelebouwen', dy't ein jierren tritich troch yng. P. Suir te Harns makke waard, is fan stap ta stap te sjen hoe't Sytsma in fioele bout. Om in fioele bouwe te kinnen, moast Sytsma earst sels syn bysûndere skaven, beitels en snijmessen, syn kearnstikken, mallen en syn ta yn tsiende millimeters oanjouwende mjitynstruminten meitsje.
Yn it Hannemahûs fan Harns wie tusken 14 novimer 2010 en 16 jannewaris 2011 in tentoanstelling oer syn wurk. Hjir wienen mallen, allerhanne selsmakke ark, foto's en in unike film út de jierren sechtich te sjen, dêr't waarop Sytsma sjen lit hoe't er in fioele bout.
It Frysk Keamer Orkest hie wyls 25 ynstruminten fan Atze Sytsma trasearre, yn en bûten Fryslân. Dizze ynstruminten binne op twa konserten bespile. Ek Jaap Sytsma spile as solist op syn sello mei op dizze oan Atze Sytsma wijde konserten. Op Omrop Fryslân wie yn jannewaris 2011 in programma oer Sytsma.
Keppeling om utens Wiidweidich artikel yn Arbeid (NVV) 14 febrewaris 1941
Kategory:Frysk timmerman Kategory:Fioelebouwer Kategory:Frysk amtner Kategory:Persoan berne yn Rie Kategory:Persoan stoarn yn Harns Kategory:Persoan berne yn 1895 Kategory:Persoan stoarn yn 1988