De Saint Lawrencebaai (Nederlânsk, ferâldere: Sint-Laurensbaai, Ingelsk: Gulf of Saint Lawrence, Frânsk: Golfe du Saint Laurent) is in baai oan de mûning fan de Saint Lawrencerivier yn de Atlantyske Oseaan.
De baai wurdt begrinze troch it Labrador-skiereilân yn it noarden, Nijfûnlân yn it noardeasten, yn yt súdwesten troch it skiereilân Gaspé en yn it suden troch Nij Brunswick en Kaap Bretoneilân.
Eilannen yn de baai Kebek de Magdalena-eilannen Anticosti Nijfûnlân en Labrador Nijfûnlân Nij-Skotlân Kaap Bretoneilân Prins Edwardeilân
Ut de skiednis De ynholte hat tûzenen jierren wichtich west as fiskwetter en foar ferfier foar de oarspronklike befolking oan dekusten.
De earste Europeaan dy’t de baai befarde, dêr’t wy fan witte, wie de Frânske ûntdekkingsreizger Jacques Cartier yn 1534. De Cartier-ekspedysje wie de earste moeting tusken Europeanen en lânseigen folken fan de Saint Lawrencebaai, op 7 july 1534 yn it Nij Brunswick fan no, dy’t beskreaun wurden is.
Kategory:See yn Noard-Amearika Kategory:Rânesee fan de Atlantyske Oseaan Kategory:Baai fan de Atlantyske Oseaan Kategory:Wetter yn Kebek Kategory:Wetter yn Nijfûnlân en Labrador Kategory:Wetter yn Prins Edwardeilân Kategory:Wetter yn Nij-Breunswyk Kategory:Wetter yn Nij-Skotlân