Dawn Steele (folút: Dawn Anne Steele; Glasgow, 11 desimber 1975) is in Skotsk toaniel- en tillefyzjeaktrise. Hja is benammen bekend wurden mei har rollen as Alexandra "Lexie" MacDonald yn 'e BBC-dramarige Monarch of the Glen, en as Alice Trevanion, yn 'e dramasearje Wild at Heart.
Libben en karriêre Steele waard yn 1975 berne yn 'e stêd Glasgow, dêr't se de earste sân jier fan har libben trochbrocht. Yn 1982 ferhuze hja mei har âlden nei Milton of Campsie. Fan 1987 oant 1993 siet se op 'e middelbere skoalle yn Kilsyth, en neitiid folge se fan 1994 oant 1998 in aktearoplieding oant 'e Keninklike Skotske Akademy foar Muzyk en Toaniel yn Glasgow, dêr't se yn july 1998 cum laude ôfstudearre.
Fan dy tiid ôf besocht Steele in karriêre as aktrise fan 'e grûn te krijen, wêrby't se harsels yn 't earstoan ûnderhold mei in baan as servearster yn it Glasweechske Rogano Restaurant. Yn 1999 briek se troch mei har rol yn 'e dramarige Monarch of the Glen, as de trochtaastende tsjinstfaam Lexie MacDonald. Dy searje rûn seis seizoenen, oant en mei 2004. Yn 2002 waard Steele troch de lêzers fan 'e krante Scotland on Sunday útkeazen as "de meast troubere frou fan Skotlân".
Fanôf jannewaris 2005 spile Steele yn 'e searje Sea of Souls twa seizoenen lang de rol fan Justine McManus. Njonken tillefyzjewurk stie Steele ek in protte op 'e planken, lykas yn 2007, doe't se loovjende kritiken krige foar har rol as de promiskuë skientmespesjaliste Shazza, dy't yn 'e trageedzje Rainbow Kiss it slachtoffer wurdt fan in moarddiedige stalker. Datselde jiers makke Steele ek har debút as mymspylster, yn 'e rol fan 'e boaze hekse Carrion yn it stik Sleeping Beauty.
Yn 2009 kearde hja werom op 'e tillefyzje, yn 'e rol fan Alice Collins, yn 'e rige Wild at Heart, wêrby't Steele ynfoel foar aktrise Amanda Holden, dy't de searje nei it trêde seizoen ferlitten hie. Yn 'e simmer fan datselde jier presintearre Steele in wike lange it deistich útstjoerde lifestyle-programma The Hour, tegearre mei haadpresintator Stephen Jardine. Yn 2010 krige se yn Wild at Heart de fêste rol fan Alice Trevanion, ien fan 'e haadpersonaazjes, dy't se twa searjes lang spylje mocht, oant de rige yn 2012 ta har grutte spyt beëinige waard. Underwilens hiene Steele en har freon, akteur Paul Blair, doe harren earste bern krigen, in dochter, dy't Coco kaam te hjitten. Sûnt dy tiid hat Steele fral yn it teäter en yn gastrollen yn tillefyzjesearjes te sjen west.
Wurk Teäter produksjepersonaazjeregisseurselskip The Perfect Murder Joan Smiley Ian Talbot Volcano Melissa Littleton Roy Marsden Thelma Holt & Bill Kenwright Verdict Lisa Koletsky Joe Harmston Bill Kenwright Ltd. Blackbird Una David Grindley MJE Productions Tutti Frutti Suzi Kettles Tony Cownie National Theatre of Scotland Home Edinburgh Anthony Neilson National Theatre of Scotland The Slab Boys Bernadette Philip Howard Traverse, Edinburgh Electra Krysotemis Theatre Babel Medea Gluake Theatre Babel Rainbow Kiss Shazza Richard Wilson Royal Court Theatre
Tillefyzje produksjepersonaazjeregisseurtillefyzjestudio Comic Relief does Fame Academy ferskaat ferskaat BBC/Endemol Sea of Souls Justine McManus ferskaat BBC Scotland The Bedtime Hour ferskaat ferskaat BBC The Key Mary David Blair BBC Monarch of the Glen (6 seizoenen) Alexandra "Lexie" MacDonald ferskaat Ecosse Films/BBC Scotland Snoddy Laura Colin Gilbert BBC Scotland Tinsel Town (2 seizoenen) ferskaat Raindog foar de BBC Highlander, ôfl. War and Peace Brynn Gaumont TV Haywire (tillefyzjefilm) Peter Boyd MacLean BBC Split Second Kathy David Blair BBC Rain Dog Pilot BBC Scotland In Search of the Unicorns BBC Dreams and Recollections Scottish Television Magnolia Sheila Red Productions Wild at Heart Alice Trevanion ITV Case Histories Charlotte McGill BBC
Film produksjepersonaazjeregisseurfilmstudio Suveillance Amy Paul Oremland Blue Blood/Fulcrum TV Tabloid TV Tori David Blair Tabloid TV Productions Club le Monde Jacqui Simon Rumley Club le Monde Films The Debt Collector barkeepster Anthony Neilson Theatre Babel Gregory's Two Girls Jan Bill Forsyth
Keppelings om utens Unoffisjele webside oer Steele, mei foto's en nijs Folsleine filmografy fan Dawn Steele yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Kategory:Skotsk ober of servearster Kategory:Skotsk telefyzje-akteur Kategory:Skotsk toanielakteur Kategory:Skotsk filmakteur Kategory:Skotsk telefyzjepresintator Kategory:Mymspiler Kategory:Dielnimmer oan in Britsk realitytelefyzjeprogramma Kategory:Persoan berne yn 1975